Op de gearkomste waard dúdlik dat sawol de omwenjenden as ek de enerzjykoöperaasje Goutum net of mar summier ynformearre wiene oer it projekt. De projektûntwikkelder stelde dat de gemeente en provinsje al trije moannen op de hichte binne fan de plannen en dat in oanfraach foar in omjouwingsfergunning nije wike al yntsjinne wurde sil by de gemeente Ljouwert. De inisjatyfnimmer tinkt dat hy ein septimber útslútsel krije kin, en dan dit jier noch gebrûk meitsje kin fan SDE+ subsydzje.
FNP, CDA en 50PLUS wolle fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte oft se - sa as deprojektûntwikkeler seit - op de hichte binne fan de plannen. Boppedat stelle de partijen fragen oft sa'n plan wol binnen de easken bliuwe kin dy't de provinsje oan it lânskip stelt. Yn it bestjoersakkoart fan ferline jier, en yn de ûntwerp-omjouwingsfisy dy't Provinsjale Steaten ferline jier oannaam hawwe, is boppedat fêstlein dat by de beoardieling fan sinneparken de sinneljedder tapast wurde moat: dêryn wurde inkelfâldich gebrûk fan lânbougrûn as allerlêste opsje neamd.