NIJS   27-05-2015


FNP fûleindich tsjin Noardlike plannen Omrop Fryslân

Selsstannige Omrop bliuwt it doel

Corlienke de Jong 2015 lyts   

In selsstannige Omrop mei in spesjale posysje binnen it mediabestel bliuwt it doel fan de FNP. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de Steatefraksje oan deputearre Poepjes. De partij wol him ta it uterste ynspanne om foar te kommen dat der ien Noardlik mediabedriuw yn Grins komt.

 

Corlienke de Jong, FNP wurdfierder Taal, Kultuer en Media

 

Reaksje? Mail c.dejongfryslan.nl

Neffens de FNP wurdfierder Corlienke de Jong geane de plannen fan ROOS streekrjocht yn tsjin de nijste Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken Ryk en Provinsje. De Kommisje Hoekstra hat boppedat al earder in ûnôfhinklike posysje foar de Omrop mei in aparte finansiering advisearre oan de minister. It rapport fan ROOS giet ek yn tsjin de doelen dy't yn it nije Fryske koalysjeakkoart steane, sa stelt De Jong fêst.

 

De FNP wol fan de deputearre witte hokker mominten der no noch binne om foar 1 jannewaris 2017 steatssekretaris Dekker en de Twadde Keamer op oare gedachten te bringen. ‘It rapport fan ROOS is noch mar in advys oan Dekker. Om de doelen fan it kabinet mei it nije mediabestel te heljen, kinne faaks ek alternative oplossingen betocht wurde. FNP wurdfierder De Jong wol fan witte wat de konkrete stappen fan it Kolleezje no binne, en wat de rol fan Provinsjale Steaten dêr yn wêze kin.

 

 

Lês hjir it berjocht fan ROOS en helje it folsleine advys del



Downloads:
FNP skriftlike fragen takomst omrop Fryslân
Antwurd op FNP fragen takomst omrop Fryslân


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer