NIJS   24-02-2020


FNP wol legere kosten NOM

De FNP is kritysk oer de grutte finansjele ferliezen by de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij (NOM). In yngreep kin net wachtsje. De FNP komt dêrom mei in moasje om de kosten nei ûnderen te bringen.

"Sunich omgean mei mienskipsjild NOM" (Sybren Posthumus)

Miljoeneferlies

It resultaat fan de NOM wie yn 2017 noch € 6,2 mln posityf, yn 2018 sakke nei € 670.000 en no dus sa wat € 7,5 mln negatyf. FNP wurdfierder Sybren Posthumus dêroer: ‘Wat is der oan de hân? De resultaten binne yn in pear jier tiid omslein fan winst nei in miljoeneferlies.De Provinsje Fryslân draacht alle jierren mear as € 300.000 mienskipsjild by mei as doel it struktureel fersterkjen fan ús ekonomy.' In  evaluaasje troch it ministearje fan alle Regionale Untwikkelingsmaatskippijen komt nei alle gedachten earst nei 2021 beskikber.

 

Stofkaam

Geandewei 2019 tekene him al in miljoeneferlies ôf. Tagelyk binne de personiels- en oare kosten by de NOM as persintaazje fan de opbringsten tusken 2016 en 2018 tanommen fan 31% nei 54%. Posthumus: ‘Mei wy dan ek ferwachtsje dat de NOM en de noardlike provinsjes op'e tiid yngripe? De evaluaasje fan it Ryk nei 2021 is ús te let; wy wolle no al sjen nei de kosten en effisjensy fan de NOM. Wy bepleitsje dêrom no in stofkaam-operaasje om te sjen wêr't de kosten nei ûnderen kinne.'

 


 



Downloads:
FNP moasje neigean legere kosten nom


Tags: Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer