Protestbrief
Om it de bewenners fan Fryslân, Drinte en Oerisel maklik te meitsjen en in lûd sinjaal ôf te jaan oan steatssekretaris Barbara Visser (VVD), biedt de FNP in model-protestbrief oan dy't bewenners oan Definsje stjoere kinne om har ûntefredenheid te uterjen.
Publike aksjes
Der wurde meardere aksjes taret. Dêrneist rint der sûnt in pear dagen op https://bit.ly/2U4wxJ1 in petysje (‘Fryslân in actie tegen laagvliegroute JSF (F35)') tsjin it leechfleanen, dy't al in hiel soad stipe krigen hat.
Oanlieding
It Ryk is fan doel en meitsje it leechfleanen mei strieljagers op in hichte fan 75 meter wer mooglik boppe Fryslân. Definsje wol de âlde leechfleanrûte oer noard en east Nederlân wer yn gebrûk nimme. Yn 2002 is de rûte bûten gebrûk steld fanwege lûdsoerlêst en gefaarlike situaasjes. Mei de nije en lûdere JSF (F35) wurdt de oerlêst allinne mar slimmer. Bewenners fan tal fan gemeenten yn Fryslân, Drinte en Oerisel sille der swiere oerlêst fan ûnderfine. Boppedat raze de fleantugen ek oer Natura2000 en stiltegebieten, en fersteure dêrmei de natuer.
Boarne foto: Ministerie van Defensie