NIJS   29-11-2019


Klaas Fokkinga kandidaat deputearre FNP

Klaas Fokkinga wurdt nei alle gedachten de nije FNP-deputearre. Fokkinga is 66 jier en wennet yn Nes (Noardeast-Fryslân). Hy siet earder yn Provinsjale Steaten (2015-2019) en yn de gemeenterie fan Dongeradiel (2010-2015). Fokkinga folget deputearre Johannes Kramer op, dy’t beneamd is as boargemaster fan Noardeast-Fryslân.

"Hy kin portefúlje Kramer ien op ien oernimme" (Corlienke de Jong oer Klaas Fokkinga)

Fokkinga is foardroegen troch in adfyskommisje ûnder lieding fan Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy. De leden ha freedtejûn 29 novimber ynstimd mei de kandidatuer fan de twadde FNP-deputearre ea. Provinsjale Steaten moatte op 22 jannewaris noch definityf ynstimme.

 

De FNP is sûnt de lêste ferkiezingskampanje dwaande mei fernijing en ferjonging. Dêrom komt de kar foar de 66-jierrige Fokkinga faaks as in ferrassing. Mar de partij hat de kommende trije jier in ervaren persoan nedich dy't op de ridende trein stappe kin dy't syn foargonger Kramer hast njoggen jier lyn yn beweging brocht. Gerbrandy: ,,Mei syn politike ûnderfining en dossierkennis is Fokkinga de geskikte man om dit wurk ôf te meitsjen. Us jongerein kin yntusken waarmrinne.''

 

De FNP socht in kandidaat dy't de portefúljes fan Kramer ien op ien oernimme kin. ,,It binne taken mei in dúdlike FNP-sinjatuer dêr't wy foar stride en striden ha'', seit fraksjefoarsitter Corlienke de Jong. ,,Wy wolle it goede wurk fan Kramer ôfmeitsje, ús ferantwursdlikens nimme.'' Kramer giet ûnder mear oer lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfguod, breedbân-ynternet en Holwert oan See.

 

As âld-Steatelid is Fokkinga thús yn dizze ûnderwerpen. Plattelânsbelied, wenjen en Holwert oan See hie er sels yn portefúlje. Op dit stuit is Fokkinga noch aktyf yn de FNP-Steateseksje Lân, Loft en Wetter.

 

Njonken politikus is Fokkinga in ûnderwiisman. Hy wie direkteur fan basisskoallen en skoallekoepels. Sûnt 2011 hat er syn eigen ûnderwiisadfysburo ‘Interprimair'. Dat hâldt him dwaande mei ynternasjonalisearing yn it ûnderwiis, ûnderwiisprojekten en mei it learen fan frjemde talen yn it bûtelan. ,,As deputearre sil ik dit moaie wurk oerdrage moatte oan oaren'', wit Fokkinga. ,,Mar dat ha ik graach oer foar it wurkjen foar de Fryske mienskip.''



Tags: Partijnijs, Polityk Bestjoer

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer