De FNP wol mei skriftlike fragen berikke dat de provinsje der alles oan docht om mei gemeenten, wetterskip en bedriuwen oan it oplossen fan dit probleem te wurkjen. Dat betsjut dat de provinsje sjocht oft der bygelyks nije fergunningen nedich binne foar tydlike depots of stoarten dêr't mei PFAS-fersmoarge grûn opslein wurde kin. Ek moat der yn de mande mei oare oerheden in mjitprogramma opset wurde om in dekkend byld fan it foarkommen fan PFAS yn boaiem en wetter yn Fryslân te krijen en om de eftergrûnwearden fan PFAS te bepalen. Op basis dêrfan soenen oerheden yn Fryslân, wêr't dat kin, ta in gebietsspesifike oanpak foar it gebrûk fan grûn kommen kinne.
In serieus probleem
Op 8 july hat de steatssekretaris in tydlik hannelingskader ynfierd foar it brûken fan grûn en baggelslib mei gemikaliën út de PFAS-stoffengroep dêryn. Fan dy stoffen is bekend dat se mobyl en net-ôfbrekber binne en fan ferskillende stoffen witte wy dat se al by lege konsintraasjes fruchtberheidssteuringen en kanker feroarsaakje kinne. De Nordic Council besiferet de skea foar de sûnens fan minsken yn Europa troch dy stoffen op mear as 50 miljard euro jierliks.
Nije noarmen
Omdat der foarhinne gjin drompelwearde foar PFAS fêststeld wie, jilde neffens de wet it foarsoarchsbegjinsel. Dat betsjutte dat gjin grûn ferfierd wurde mocht as dat liede soe ta in fermindering fan de kwaliteit fan de boaiem. Om dochs ferfier mooglik te meitsjen hat de steatssekretaris in tydlik hannelingskader ynfierd mei nije lanlike noarmen. Oant 1 oktober koene de bedriuwen de âlde partijen grûn dy't earder ûndersocht wiene sûnder analyze op PFAS noch ferwurkje. It docht no bliken dat de grûn dy't ûndersocht wurdt yn 80% fan de ûndersiken boppe de lege noarm fan 0,1 μg/kgds sit (dy't û.o. foar gebrûk ûnder wetter of yn drinkwetterbeskermingsgebieten jildt).
Unwissigens
Omdat der in hiel soad ûnwissigens is oer it brûken, stoarten of skjinmeitsjen stiet de sektor no stil. Ofnimmers binne benaud wurden om mei fersmoarge grûn sitten te bliuwen en neffens belangegroepen jouwe guon gemeenten überhaupt gjin tastimming mear om grûn te brûken mei mear as 0,1 μg/kgds PFAS deryn.
De desintrale oerheden hawwe it foech om lokaal ôf te wiken, foar safier't der gjin risiko foar minsken is en de kwaliteit fan de boaiem net minder wurdt. Dêrfoar binne mjittingen nedich fan de besteande situaasje. Op basis fan dy útgongspunten kinne desintrale oerheden kieze foar in oare noarm.