Dat it Fryske kolleezje harket nei lûden yn de mienskip is neffens ús de normale gong fan saken. En dat foarmet, spitich genôch, in skerp kontrast mei it hanneljen fan it hjoeddeistige regear. Lit ús direkt dúdlik wêze: in oare oanpak is nedich. In Fryske oanpak.
Wy begripe de ergernis by de boeren, wy begripe dat sy har dupearre fiele. En wy binne ek wiis mei it beslút fan it kolleezje om freed dit spul werom te draaien. En wy sjogge dat dizze revolúsje yn it tinken yn Fryslân begong!
Ympasse
Mar wy binne der noch net. Sterker noch, wy binne net in stap fierder. Ek oare sektoaren ha bot te lijen fan it gebrek oan bestjoerlike krêft en de ellinde út De Haach wei. De FNP is ferline wike benadere troch in ferskaat oan ûndernimmers út de bou. Guont ha al skea oprinnend yn de tonnen. Dan binne der ek noch in groep boeren dy't al tiden wachtsje op in fergunning. Ek dy minsken ha bot te lijen en sitte yn ûnsekerheid.
In eigen oanpak foar de stikstof-problematyk hâldt net allinnich yn dat wy mei draachflak en mei-inoar ta oplossings komme, mar ek troch solidêr te wêzen mei oare sektoaren as de agraryske. Wy begripe dat in part fan de boeren harren foarige wike op it provinsjehûs melden hat. Troch de deputearre is in moedich beslút nommen troch yn oerlis te gean. Lykwols, der sille maatregels komme moatte. Maatregels dy't troch in gebrek oan bestjoerlike krêft yn De Haach elkenien sear dwaan sille, en de tiid dringt.
Minister Schouten sei no moandei dat ‘de provincies zelf mogen weten welke vergunningen zij uitgegeven.' En freed joech fise-premier Hugo de Jonge yn it wykliks parsepraatsje oan dat der ergernis wie en dat de regearing: ‘de provincies aan de afspraken zal houden.' Twa útspraken út ien kabinet dy't beide wat oars sizze. Dan is it net sa nuver dat der rûs ûntstiet.
Ferantwurdlikheid nimme
Koartsein hawwe wy no in grut probleem trochdat De Haach der te lang mei omdangele hat. Je soene de ferantwurdlike partijen, de partijen yn De Haach, de fertsjintwurdigers fan de ferskate sektoaren hast yn in keamer opslute mei 5 bôlen en 10 liter wetter en se der krekt sa lang sitte litte oant se derút binne.
It soe de partijen yn De Haach siere om fuort en daliks te stopjen mei al it populistysk praat en ferhurde stânpunten en kom der mei elkoar út. Want in feit is dat alles stil stiet. De Rânestêd diktearret, sprekt inoar tsjin en kreëaret gaos, nimt gjin ferantwurdlikens en de regio mei it oprêde.
Minister fan Steat Tjeenk Willink hie ferline jier in treffende analyze. Hy sei: ‘Door het ontbreken van debat grijpt de politiek vaak te laat in. Daardoor voelen burgers zich overvallen.' ‘Er worden drastische maatregelen opgelegd, en van burgers wordt verwacht dat ze begrijpen dat die nodig zijn. Hoezo? De essentie van politiek is ook dat je ontwikkelingen tijdig signaleert. Politiek heeft de plicht vooruit te denken en burgers te betrekken bij hun besluiten. Dat is niet gebeurd. Kijk naar de discussie over klimaatverandering. Politici wachten tot de klimaattafels met plannen komen en legitimeren die achteraf politiek.'
As wichtige ûnderwerpen, lykas de stikstof-problematyk, mei in ticht-timmere regearings-ôfspraak troch in lyts klupke minsken dikteare wurde en der gjin publyk debat of oerlis is mei de minsken dy't der mei te dwaan hawwe, is dat de basis foar tanimmende ûnfrede yn de regio.
De Fryske oanpak
Foar ús is dúdlik dat dizze oktobermoanne ús opropt om in oare oanpak te kiezen. Dat wy it mei elkoar dwaan moatte. Solidêr, mei draachflak komme ta oplossings. De Fryske oanpak.
Net lykas fanút it IPO en de minister tekenje by it krúske, mar mei elkoar yn petear, mei elkoar de ferantwurdlikens pakke en mei elkoar skikke. Lústerje nei elkoars ynbring en belangen en net lâns mekoar hinne prate. Fertrouwen en lykweardigens binne hjiryn wichtich.
Wy binne bliid dat dizze omkear yn it tinken hjir yn Fryslân foarige wike yn gong setten is. Jou ús de romte, wy pakke ús libben op eigen wize oan, sûnder diktaten, mar mei elkoar.
Wopke Veenstra, wurdfierder Lânbou en Sijbe Knol, wurdfierder Leefberens, wenjen en romte