NIJS   02-09-2019


FNP wol opheldering sinnepark Iselmar

De steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oan deputearre Poepjes oer de oanlis fan in sinnepark by de Ofslútdyk. Yn de Steaten fan july wie it antwurd op FNP fragen noch dat der gjin kar makke wie troch hokker oerheid dan ek. No docht bliken dat it Ryk in proef mei in driuwend sinnepark by Breesândyk tastiet, as opmaat nei in mega-sinnepark op it wetter.

"It Ryk set de regio foar it blok" (Sijbe Knol)

Opheldering

De FNP wol no witte wannear't it kolleezje op de hichte wie fan de plannen fan it bedriuw Sunfloat. De steatefraksje wol ek opheldering oft fan it Ryk noch mear sokke inisjativen te ferwachtsjen binne dy't yn striid binne mei besteand provinsjaal belied of mei it bestjoersakkoart. Wurdfierder Sijbe Knol: ‘Op 10 july wie der neffens it kolleezje neat te rêden, wylst út stikken fan de gemeente Súdwest-Fryslân bliken docht dat der op 19 april 2019 al in konsept-oanfraach lei foar in driuwend sinnepark op ‘e Iselmar.'

  

Ferset

Yn ‘e Steaten fan 10 july lêstlyn is der in petysje oerhandige oan Provinsjale Steaten. Neist in grut tal ynwenners, hawwe ek tal fan organisaasjes lykas it Fryske Gea en it Koninklijk Nederlands Watersport Verbond dizze petysje ûndertekene. Boppedat hat de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân op 6 juny 2019 in moasje tsjin de ûntwikkeling fan sinneparken op de Iselmar oannaam.



Downloads:
FNP skriftlike fragen sinneparken iselmar
Antwurd op skriftlike fragen FNP sinneparken iselmar


Tags: enerzjy en duorsumens, fnp fryslan, natuer en lanskip

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer