Yn striid mei belied?
Ofrûne freed (2 augustus) stie yn it Friesch Dagblad op de
foarside in artikel mei as titel ‘Sluiting dreigt voor kweker A.C. Hartman’. Yn
de lêste alinea stiet ‘Bij de herfinanciering in januari blijkt nu ook dat de
provincie Fryslân acht ton heeft geleend aan TFFG’. Dat hat by de
FNP-Steatefraksje de nedige fragen oproppen, omdat sa’n liening yn striid wêze
soe mei it jildende belied fan de provinsje Fryslân, fêststeld yn oktober 2018,
om yn prinsipe gjin lienings mear te jaan oan bedriuwen en/of ynstellings.
Ynformaasje
Fierder wol de FNP witte hoe’t it sit mei it jaan fan
ynformaasje oer de kwestje oan de Steaten. Wannear is de ynformaasje mei de
Steaten dield? Yn it lêste fuortgongsberjocht fan maaie is net oer in liening
praat. De FNP-fraksje wol fierder noch witte hoe’t it sit mei in
ynformaasjegearkomste. Neffens in berjocht yn it Friesch Dagblad fan hjoed (5
augustus) soenen de finansiers ôfrûne freed (2 augustus) byelkoar west hawwe om
oer de ûntstiene situaasje te praten. Hat in delegaasje fan de provinsje
Fryslân ek by dat petear west, mei it each op har belangen (de liening fan €
800.000)? En wat hat dêrby de ynstek west fan de provinsje.
Wurkgelegenheid
Neffens it berjocht yn de krante driget sluting, mar binne
noch tsientallen minsken foar Hartman/TFFG oan it wurk. De FNP wol dat de
provinsje Fryslân him ynset foar de wurknimmers en freget it Kolleezje wat sy
foar de belutsen minsken dwaan kin.