![]() |
Wêrom komt der gjin fytstunnel ûnder de N358 by Surhuzum? Dat is de strekking fan fragen fan de FNP oan deputearre Poepjes. De Steatefraksje wol mear witte oer de kosten fan sa'n oplossing en oer in finansjele bydrage fan de gemeente.
Klaas Fokkinga, FNP wurdfierder Ferkear en Ferfier Reaksje? Mail k.fokkingafryslan.frl |
Yn de fragen wol FNP ferkearswurdfierder Klaas Fokkinga hearre hokker fariant it bêste foldocht oan de ynrjochtingseasken foar sa'n provinsjale dyk. Hy freget of de krusing by de Rysloane neist in feilige oerstek foar skoalbern ek it rekreatyf ferkear rjochting Surhuzumer Mieden betsjinnet. Fokkinga: ‘Oer hokker oantallen hawwe wy it en wat binne de mearkosten fan in fytstunnel? Is de gemeente ree om de gebrûklike finansjele bydrage te leverjen?'
De FNP wurdfierder wol graach alle arguminten hearre wêrom der keazen is foar in ovonde mei in gelykflierse fytsoerstek op dit plak. In oanpassing fan it al fêststelde Definitive Untwerp fan it projekt en nije ûnderhannelingen mei de gemeente hawwe grif konsekwinsjes foar de plenning. De oerlêst foar de Surhústers sil dan langer duorje. Se krije stipe fan de gemeenteried fan Achtkarspelen: op 25 juny is der in hast riedsbrede moasje oannommen dy't freget om in tunnel.
De fraach is úteinlik oft de deputearre ree is om dochs noch in tunnel oan te lizzen. Hja sil dan wol wer yn de slach moatte mei de wethâlder oer in bydrage fan de gemeente Achtkarspelen. Lokaal pleitet men al mear as 10 jier foar in tunnel. De Uterwei makket diel út fan de oanpak fan de hiele N358 fan de A7 by Drachten oant Bûtenpost ta.