NIJS   18-11-2018


FNP: oanpak ôfsjitten fan greidfûgels yn Frankryk

De FNP sil op it kongres fan de Europarlemintspartij EFA op 7 maart 2019 in moasje ynbringe dat it sjitten op beskerme greidfûgels yn Frankryk ferbean wurde moat. It giet dêrby benammen om skriezen, mar ek om oare greidfûgels lykas de ljip, tsjirk, strânljip en wylp. De FNP wol dat der in algemien ferbod komt op de jacht én konsumpsje fan de beskerme greidfûgels.

Neffens FNP-wurdfierder Wopke Veenstra ‘raast it oan ‘e protters' dat der yn Frankryk safolle greidfûgels delsketten wurde. ‘Alle ynspannings dy't de leafst 3.000 frijwilligers fan it BFVW yn Fryslân dogge en de € 9 miljoen ynset fan de provinsje lykje op dizze manier ta weismiten keard. De oantallen skriezen binne sûnt 1960 totaal mei 68% omleech gongen, it wurdt tiid om it tij te kearen'.

                                           

As de moasje fan de FNP oannommen is, kinne de Europarlemintariërs fan de EFA dêrmei oan it wurk. Neist de ynset foar in algemiene beskerming fan skriezen, ljippen, tsjirken, strânljip en wylp sil de EFA him dan ek ynsette foar in ferbod op de konsumpsje fan dy fûgels yn de hiele EU.

De EFA (European Free Alliance) is in partij yn it Europeesk parlemint mei 11 Europarlemintariërs dy't komme út hast 50 lidorganisaasjes út hiele Europa. De FNP is ien fan de oansletten partijen.



Downloads:
Motion euprotection meadow birds.pdf


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer