NIJS   18-06-2019


FNP wiis mei eigen partijlûd yn Provinsjehûs

Foar de tredde kear op in rige docht de FNP mei yn in provinsjale koälysje. De partij is grutsk op it koälysje-akkoart ‘Lok op ien’. Mear as ea klinkt it FNP-lûd dêr yn troch.

"Provinsje hâldt no altyd rekken mei it lânskip" (Johannes Kramer)

Der is mei de jierren mei troch de FNP in omslach kaam fan materiële saken lykas wegen en akwadukten nei ymmateriële wearden lykas lânskip, bioferskaat en taal. Dy wearden binne ús útgongspunten. ‘'Wy fine dan ek dat de Fryske paradoks net bestiet. Foar ús docht it gjin nij dat wolwêzen boppe wolfeart stiet'' seit beëage deputearre Johannes Kramer.

 

In koälysje-akkoart is in akkoart fan meardere partijen. Dochs ha de provinsjale plannen foar de kommende fjouwer jier in dúdlik FNP-profyl. De wichtige punten út it ferkiezingsprogramma en de kampanje komme oan bar. Tink oan provinsjale en pleatslike sizzenskip, romte foar wentebou yn doarpen en it stimulearjen fan biologyske lânbou.

 

Ek de ekstra ynset foar de feangreide, greidefûgels, faklju yn it MKB, taal, mienskipskultuer en muzykkorpsen (HaFaBra)  is de FNP tige wiis mei. Dat der wer € 12 miljoen klear leit foar 750 mienskipsprojekten is foar in mienskipspartij fansels in boppeslach, seit Kramer.

 

‘'It docht ús ek goed dat by alle beliedsbeslissings de provinsje rekken hâlde sil mei de gefolgen foar it lânskip.  Ek as it giet om de klimaat- en enerzjyopjefte. Wy ha in stevige sanearring fan besteande wynturbines mooglik makke; twa fan de trije hege wynmûnen kinne opromme wurde. Der komme per saldo folle minder peallen te stean. En gjin nije wynparken, dat bliuwt stean. Us lânskip wurdt gjin enerzjyfabryk, en dêr wie it ús om te dwaan!''

 

Kramer wurdt as deputearre ferantwurdlik foar ûnder mear lânbou en leefberens (krimp/wenjen). Dit binne werkenbere FNP-punten. It FNP-haadbestjoer en de Steatefraksje ha op basis fan it koälysje-akkoart ynstimd mei dielname oan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten.

 

Sjoch hjir foar it koälysje-akkoart .



Tags: Ferkiezings, Partijnijs, Polityk Bestjoer, Thus yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer