Kwalifisearre sjoernalisten
Oanlieding foar de fragen fan FNP-wurdfierder Corlienke de Jong is in wurkbesite oan Omrop Fryslân. Yn it foarste plak hat de FNP-fraksje fernommen dat it tige dreech is om goed kwalifisearre sjoernalisten te finen dy't de Fryske taal ek goed machtich binne. De Jong: ‘As der sa'n ferlet is, soene DS de skoallen foar sjoernalistyk oanfiterje kinne om modules sjoernalistyk skriuwen yn it Frysk yn it lespakket op te nimmen. It Europeesk Hânfêst foar Regionale- of Minderheidstalen, dat de basis is foar de bestjoersôfspraken tusken Ryk en Provinsje, hat it ek oer in oplieding foar sjoernalisten yn dy regionale talen.'
Sykmasines
De FNP hat fierder it sinjaal krigen dat de werkenning fan teksten yn it Frysk troch Google en oare sykmasines noch net optimaal is. Dêrom is Omrop Fryslân needsake om titels fan fideo's op ynternet yn it Nederlânsk te foarsjen. Mar dat jildt fansels ek foar teksten en filmkes fan oare organisaasjes, bedriuwen en privee-persoanen. De fraach is wat DS hjir oan dwaan kinne. De provinsje Fryslân is al in skoft yn it spier mei Google, Microsoft en oare grutte partijen om de digitale helpmiddels foar it Frysk te ferbetterjen. De FNP wol witte wat de mooglikheden binne.
Programmearring
Ta beslút wol de FNP witte hoe't in alsidige en folsleine programmearring by de Omrop boarge wurdt, no't der plannen binne om reklame op de publike omroppen te ferbieden. Dat kin ommers ten koste gean fan it budzjet om programma's te meitsjen. De Jong: ‘Moaie programma's fan de Omrop moatte net de dupe wurde fan beslútfoarming fan it Ryk'.