Achter de plannen
Neffens ProRail is it belangryk dat it provinsjebestjoer achter de plannen stiet. Der moatte genôch reizgers wêze. "We moatte sjen dat we mear Friezen de trein yn krije", seit Eringa. It provinsjebestjoer sjocht dat wol sitten seit deputearre Johannes Kramer. Neffens him moat de tiidswinst op termyn oprinne nei in healoere. En de flugge trein moat ek fanút Ljouwert nei de Rânestêd ride, seit er.
Fryske proef mei flugge trein
"Ik bin mei de NS ta in akkoart kaam om ek fanút Ljouwert te riden. We hoopje meikoarten in datum te prikken foar in proef fanút Fryslân. Dat wolle we hiel graach." Kramer wol dat der it kommend jier in healoere fan de reistiid ôf giet. "Twa en in heal oere yn de trein sitte, dat is gewoan te lang. It is eins te gek foar wurden dat dat yn 2020 net flugger kin."
Test
Mei de test fan freed woe de NS besjen hokker oanpassingen oft der nedich binne om ûnder oare de technyk, de ynfrastruktuer en de tsjinstregeling klear te krijen foar fluggere treinen. Der moast bygelyks fan feilichheidssysteem wiksele wurde.
Johannes Kramer bij Omrop Fryslân
Bekijk hier het interview terug.