NIJS 02-05-2016
Fryslân moat TTIP frije sône wurde
Fryslân moat in TTIP-frije sône wurde. Dat fynt de FNP. It hannelsakkoart hat negative konsekwinsjes foar de lokale en regionale demokrasy, seit steatelid Sybren Posthumus fan de FNP, omdat grutte bedriuwen privileezjes krije dy't se no net hawwe.
"Net mear macht nei multinationals" (Sybren Posthumus oer TTIP)
Gaswinning
Sa soene se de gaswinning by Top en Twel en oare plakken trochsette kinne, sels as de oerheid dat net hawwe wol. Posthumus hat dêr moandei in ynstjoerd stik oer skreaun yn de Ljouwerter Krante.
Geheime stikken
Greenpeace hat moandei geheime stikken iepenbier makke dêr't út bliken docht dat it swier keallet mei de ûnderhannelingen tusken Europa en Amearika, en dat kin de druk op de ûnderhannelers wolris opfiere, seit Posthumus.
Opinystik yn de LC
Sybren by Omrop Fryslânradio
Tags:
Polityk Bestjoer,
Wurkje yn fryslan
MEAR OER DIT ÛNDERWERP