Wittenskiplik ynstitút
De FNP wol dat de Fryske Akademy in folweardich en robúst wittenskiplik ynstitút bliuwt, dat as ynstelling ûnder it ynstitúts- en ûndersyksbestel fan de KNAW-flagge operearjen bliuwt. Dat om te waarboargjen dat mei minimaal deselde hege wittenskiplike noarmen trochwurke wurdt yn de takomst.
Sizzenskip
Om't de provinsje Fryslân alle jierren in grutte finansjele bydrage leveret, is it ek fan belang dat der in grut stik sizzenskip bliuwt oer de takomst fan de Fryske Akademy. Wat de FNP oangiet moat de besteande ‘liearringsoerienkomst' dan ek ynhâldlik, finansjeel en kwa sizzenskip trochsetten wurde.
Finansjele posysje
As lêste wol de FNP witte wat de ynstek fan it Kolleezje fan DS wêze sil om te waarboargjen dat de finansjele posysje fan de Fryske Akademy foar no en yn de takomst solide wêze sil. En om, as dat nedich is, de Akademy dêr by te skewielen.