NIJS   09-11-2015


FNP komt op foar partikulieren by skea gas- en sâltwinning

Skriftlike fragen Wopke Veenstra

Wopke Veenstra 2015 lyts   

Undersyk wiist út dat de boaiemdelgong troch bygelyks gas- en sâltwinning folle grutter is as foarsein. Opnij docht bliken dat de foarsizzingen wat de gefolgen binne fan boarringen tige ûnbetrouber binne. De Steatefraksje fan de FNP makket him soargen oer de gefolgen fan de boaiemfersakking en stelt fragen oer de kwestje.

 

Wopke Veenstra, FNP wurdfierder Mynbousaken

Reaksje? Mail w.veenstrafryslan.frl 

FNP wurdfierder Wopke Veenstra wol witte wêrom't der foar partikulieren noch neat regele is yn it hiele gebietsproses as der skea is troch bygelyks gas- en sâltwinning. Dat mei nei oanlieding fan resinte berjochten yn de media oer de situaasje yn Winaam en omkriten. Ek freget er nei it gebrûk fan it provinsjaal ynformaasjepunt. Hawwe ynwenners fan Fryslân al skeaclaims dellein? Is it kolleezje no ek fan doel om mear wurk te meitsjen fan it ôfhanneljen fan skea fan partikulieren?

 

Mei it each op de hjoeddeistige ûntwikkelingen ferget Veenstra it Kolleezje op harren miening oangeande nije boarringen yn ús provinsje.



Downloads:
FNP skriftlike fragen skea boaiemdelgong
2015-12-09 antwurdbrief oan FNP fragen skea boaiemsakjen


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer