NIJS   23-07-2012


Posthumus (FNP) jout ynlieding gefolgen Eurokrisis

Simmeruniversiteit Plaid Cymru yn Wales

 Sybren 2011 lyts  

Steatelid Sybren Posthumus sil kommende sneon (28 july) yn Wales (Llangrannog) in ynlieding hâlde oer de gefolgen fan de Eurokrisis foar Fryslân. Dat docht er op in saneamde ‘summeruniversity' fan de Plaid Cymru, de susterpartij fan de FNP yn Wales.

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europeeske saken

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

Op dy simmeruniversiteit sille talintfolle jonge leden en aktive politisy fan de Plaid Cymru trenings en kursussen krije. It giet dan ûnder oare oer ekonomy, de takomst fan de sûnenssoarch, duorsume mienskippen en PR foar de ferkiezings.

 

Yn de ynlieding fan Posthumus sil er it oan de iene kant hawwe oer negative gefolgen lykas de oprinnende wurkleazens, de Nederlânske steatsskuld en it grut tal fallisseminten. Mar hy wol oan de oare kant benammen yngean op de kânsen dy't der binne. Hoe't ûndernimmingen ynventyf en kreatyf wurde troch fakmanskip en de nije media. Hoe't Fryslân folslein ûnôfhinklik wurde wol op it mêd fan enerzjy en dat Fryslân ynvestearret yn breedbân en duorsume oplossings foar de takomst.

 

Op de simmeruniversiteit komme tal fan saakkundigen oan it wurd, lykas Alfred Bosch (Katalaansk parlemintariër yn it Spaansk parlemint), Leanne Wood (partijlieder fan de Plaid Cymru), Jill Evans (Europarlemintariër) en prof. Jones (heechlearaar ekonomy).

 

lokaasje summeruniversity 2012 Wales 

 

Lokaasje fan de Plaid Cymru Summeruniversity yn Llangrannog

   
 logo plaid cymru    


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer