NIJS   19-10-2012


Posthumus (FNP) stipet Slovenen yn Itaalje

Regear wol provinsjes nasjonale minderheid opheffe

 Sybren 2011 lyts  

 

Ljouwert - ein nije wike sil FNP-steatelid Sybren Posthumus foar trije dagen nei de Slovenen yn Itaalje ta. Hy sil dêr hinne om't it Italjaanske regear twa fan de trije provinsjes dêr't de Slovenen wenje (Triëst en Gorizia) opheffe wol. Ut namme fan de EFA, de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansluten is, sil Posthumus war dwaan om de Slovenen te stypjen.

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europeeske saken

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

It opheffen fan Triëst en Gorizia giet spesifyk yn tsjin it Ramtferdrach foar nasjonale minderheden fan de Ried fan Europa dêr't yn stiet dat partijen derfoar soargje moatte dat fertsjintwurdigers fan minderheden dielnimme kinne moatte oan it sosjale en publike libben, dêrûnder ek oerheidsorganen. De minderheidsgroep moat ek goed heard wurde foardat der wizigings plakfine yn de grinzen fan de regio's.  

 

It opheffen fan de provinsjes Triëst en Gorizia is yn de eagen fan Posthumus in ‘technokratyske politike maatregel' dy't gjin rekken hâldt mei de befolking yn syn algemienens en de minderheid fan de Slovenen yn it bysûnder. It regear fan Rome hat útsteld dat alle provinsjes mei minder as 350.000 ynwenners of 2500 km2 binnen in heal jier ferdwine moatte.

 

 slovenska skupnost logo  

Op 26 oktober hat er in petear mei de presidint fan de provinsje Gorizia en op 27 oktober mei dy fan de provinsje Triëst. Fierder binne der petearen ynpland mei leden fan ‘Slovenska Skupnost' en jongereinleden dêrfan. Slovenska Skupnost is in politike partij fan de Slovenen yn Itaalje yn de regio om Triëst, Udine en Gorizia hinne. Fierder is der in parsekonferinsje dêr't Posthumus taljochtsje sil wat de beswieren binne tsjin it opheffen fan de beide provinsjes.  

 

 

 

Mocht it sa wêze dat Itaalje net omlyk wol dan kin de EFA as partij yn it Europeesk parlemint fragen stelle oan de Europeeske kommisje. Dy kin op basis dêrfan Itaalje oansprekke op it net neikommen fan tal fan ynternasjonale ferdraggen om de rjochten fan de Slovenen te earbiedigjen.   



Downloads:
Program EFA-mission slovenes yn italy


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer