NIJS   07-12-2012


Fotoferslach FNP wurkbesite SSW yn Sleeswyk-Holstein

Oerlis mei Europeeske susterpartij fan Noardfriezen en Denen

Op 29 en 30 novimber 2012 hat de FNP op wurkbesite west by susterpartij

SSW yn Sleeswyk-Holstein. De SSW sit lykas de FNP yn Fryslân sûnt

koart yn it dielsteatregear en fertsjinwurdiget dêr de Denen en de

Noardfryske minderheid. Underdiel fan de besite wie in polityk

topoerlis mei SSW-Minister Anke Spoorendonk en FNP deputearre

Johannes Kramer. De partijen wolle de kulturele gearwurking

tusken de trije Fryslannen yn Europeesk ferbân fersterkje.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 037 lyts 

Groepsportret foar it Friisk Hûs yn Bredstedt / Braïst.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 001 lyts

Panorama út it hotel yn Flensburg wei.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 008 lyts

It Deenske Aktivitetshuset yn Flensburg.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 009 lyts

Kofje en gebak by de Gemeinsamen Rat der Südschleswigschen

Organisationen, de Deenske wjergader fan de Ried fan de Fryske

Beweging. 

 

Wurkbesite SSW Flensburg 016 lyts

Johannes Kramer en de direkteur fan de Schleswigsche Sammlung.

It ynstituut is as Deenske sintrale bibleteek en argyf in maatsje grutter

as Tresoar yn Ljouwert troch rynske subsydzjes en jeften út

Denemarken wei. It selde jildt foar de Deenske skoallen, wêrûnder

in renomearre Gymnasium yn Flensburg.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 018 lyts

Oan de waarme Pünsch op de sfearfolle krystmerk yn Flensburg.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 022 lyts

SSW-Ministerin Anke Spoorendonk en FNP-deputearre Johannes

Kramer yn petear oer de guozze-oerlêst en it Europeesk lânboubelied.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 028 lyts

F.l.n.r.: Anke Spoorendonk, Johannes Kramer en foarsitter

Lars Harms fan de SSW-fraksje yn de Landtag. Se hâlde fan Fryslân !

 

Wurkbesite SSW Flensburg 030 lyts

Petear by de Friesenrat en de Friisk Foriining yn Bredstedt / Braïst.

Steand neist Sybren Posthumus: Erk Hassold, foarsitter Frasche Rädj. 

 

 

Wurkbesite SSW Flensburg 037 lyts

Groepsportret foar it Friisk Hûs yn Bredstedt / Braïst.

F.l.n.r.: Gary Funck, Jörgen Jensen-Hahn, Cees Nieboer, Johannes

Kramer, Ilse Johanna Christiansen, Lars Harms, Auke Bijlsma, 

Erk Hassold, Sybren Posthumus, Jan Visser en Flemming Meyer.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 040 lyts

It Noardfriisk Instituut moat mei 2,3 fte itselde wurk dwaan dat yn

Ljouwert de AFUK, de Fryske Akademy en de ôfdieling Taal en Kultuer

fan de Provinsje meiinoar dogge.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 042 lyts

De direkteur fan it Nordfriisk Instituut, Prof. Dr. Thomas Steensen

op'e tekst oer de nei-oarlochske skiednis fan de Deenske en Noard-

Fryske minderheden yn Dútslân.

 

Wurkbesite SSW Flensburg 046 lyts

Kleare kimen op'e seedyk oan de Waadsee by Schüttsiel.

 

 


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer