Der komt yn 2017 in ‘Fryslân-dei' yn Brussel. Sybren Posthumus krige dêr as FNP-wurdfierder Finânsjes en Ekonomy stevige tasizzingen op yn de Steaten fan 11 novimber 2015. Sander de Rouwe wol graach de suggestjes fan de FNP folgje. Kulturele Haadstêd 2018 en it Fryske bedriuwslibben krije de gelegenheid har te presintearjen foar it ynternasjonale publyk. Der binne positive ûnderfiningen fan Noord-Brabân mei sa'n provinsjale dei. De ferwachting is dat it ek foar Fryslân in soad opsmite sil.
De FNP brocht it plan foar de Fryslân-dei yn by de Begrutting 2016. De nije koalysje mei FNP, CDA, VVD en SP hat mei sukses syn earste begrutting der troch krigen. Opfallend wie dat de PvdA no as opposysjepartij foar it earst yn 70 jier tsjin stimde. Brekpunt wie dat de PvdA de belesting mei de provinsjale opsinten ferheegje wol, wylst de koalysje der € 20 miljoen foar de boarger ôf dwaan wol.
Der wiene in soad winsken op it mêd fan kultuer. It measte komt yn 2016 wer op it kleed as de opfolger fan de Taal- en Kultuernota Grinzen Oer yn de Steaten komt. De measte moasjes slaggen dan ek net. Wat wol slagge wie de moasje fan de FNP om mear bern nei de Fryske musea te krijen. Der komt no in ferfolch op de suksesfolle aksje ‘Help Pake en Beppe de fakânsje troch'. Mei dy aksje kamen wol 75.000 ekstra besikers binnen.
De FNP stipe by dizze begrutting fierder plannen foar in provinsjale dichter, it weromkringen fan it guozzeprobleem, byldzjende keunstlessen en romte foar eksperiminten mei silte tylten yn it kustgebiet. Utstellen oer it bestriden fan ‘laaggeletterdheid' en foar digitalisearing (‘Internet der Dingen') koene ek op ús stipe rekkenje. De FNP wie lykas alle oare partijen tsjin de ‘knip' yn de Stroobossertrekwei. Ynwenners fan Kollumerlân en Achtkarspelen kinne dêr bliid mei wêze.
Sjoch hjir in oersjoch fan alle moasjes en stimútslaggen