NIJS   12-11-2013


FNP freget Europeeske stipe foar takomst Omrop Fryslân

Moasje EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint

 Annigje Toering 2012 05  

 

De FNP sil yn de EFA-ledegearkomste op 14 febrewaris takom jier yn Santiago de Compostella (Galisië) in moasje yntsjinje foar de takomst fan Omrop Fryslân. Dy takomst stiet yn ‘e kiif om't Nederlân as EU-lidsteat (it kabinet fan VVD en PvdA) de regionale omroppen sintralisearje wol. En dêr dan ek noch fiks op besunigje wol. ‘Fan in eigenstannige omrop mei in folsleine en alsidige programmearring sil dan neat mear op ‘e hispel komme kinne', sa seit wurdfierder Annigje Toering.

 

Annigje Toering, foarsitter FNP Steatefraksje 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

  

Neffens de FNP kin de Omrop no mar amper oan dat kritearium foldwaan, om't it jierlikse budzjet dêrta fierstente min is. Dêrtroch is der net genôch romte foar bygelyks berneprogramma's oerdei en foar nasjonaal en ynternasjonaal nijs. Ut in ferlykjend rapport fan Anderson hat bliken dien dat ‘het media-aanbod voor Fries beperkt is in vergelijking met het aanbod in de andere landen'.   

 

De FNP wol dat Nederlân him folslein hâldt oan de ynternasjonale ôfspraken dy't makke binne, tink oan it Europeesk Hânfêst foar Regionale- of Minderheidstalen en it Ramtferdrach (Kaderverdrag) foar nasjonale Minderheden. Om't ek yn 2014 de ‘striid' foar Omrop Fryslân noch folop trochgean sil, wol de FNP de help fan de Europarlemintspartij EFA (European Free Alliance) ynroppe, dy't mei 7 minsken yn it Europeesk parlemint sit. De EFA is mei de Greens (EFA/Greens) de 4e partij yn it Europeesk parlemint. De FNP is mei 40 oare partijen út hiel Europa oansletten by de EFA

 

Yn it ferline hat de FNP ek al mei súkses fia de EFA by de Europeeske Kommisje oantrune op it behâld fan Tryater as toanielselskip foar Fryslân. Nei ‘urgent questions' fan de EFA is fia de Twadde Keamer ôftwongen dat Tryater syn subsydzje hâlde mocht.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer