NIJS   10-02-2014


FNP: mear demokrasy en solidariteit yn Europa

Tarieding Europeeske ferkiezings op kongres Galisië

Sybren 2011 lyts

 

 

Ljouwert - De FNP sil nije wike mei in delegaasje fan 4 persoanen nei it jierlikse EFA-kongres. Dat sil dit jier yn Santiago de Compostella (Galisië) wêze en stiet yn it teken fan de Europeeske ferkiezings.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Op it kongres sil it definitive ferkiezingsprogram fêststeld wurde en wurde tal fan moasjes en amendeminten fan de lidorganisaasjes bepraat. De FNP komt sels mei in moasje om de takomst fan Omrop Fryslân feilich te stellen. Fierder sil de partij  moasjes en resolúsjes stypje foar in Europeeske kommissaris foar minderheden, mear wurkgelegenheid en foar mear sizzenskip fan de regio's yn de EU. As lêste sil de FNP in resolúsje mei yntsjinje dat regio's dêr't delfstoffewinning is, it lêste wurd hawwe moatte oft dat al as net tastien wurdt. Yn Fryslân en Grinslân hiel aktueel mei de gaswinning.

 

De FNP is bliid mei it konsept-ferkiezingsprogram dêr't de ynbring fan de FNP yn ferwurke is. De EFA sil fan 2014 oant en mei 2019 wurkje foar rjochtfeardigens, solidariteit, in duorsum Europa, mear foech foar de regio's, demokrasy en minskerjochten. De FNP stipet dat fan herten. De ferwachting is ek dat de EFA nei de ferkiezings groeie sil fan 7 sitten no nei 9 of 10 yn de nije perioade. Benammen yn Flaanderen, Kataloanje en Skotlân stiet de EFA op winst en ferwachtet mear leden yn it Europeesk parlemint.  

 

 EFA kongres 15 feb 2014 Auditorio Galicia    
 De grutte Kongreshal fan Galisië yn Santiago de Compostela    

 

Neist de ledegearkomste is der ek in byienkomst oer it rjocht op selsbeskikking fan lannen. Ta beslút is der op sneontemiddei in ‘cultural visit' oan de regio Galisië. 

De groep FNP'ers bestiet út Auke Bijlsma (Steatelid), Johannes Kramer (deputearre), Olrik Bouma (bestjoerslid foar de FNP yn de EFA en Sekretaris Generaal fan de EFAyouth) en steatelid Sybren Posthumus. Op it kongres wurde mear as 180 minsken ferwachte út alle wynstreken fan Europa.

 

De Europarlemintspartij EFA (European Free Alliance, http://www.e-f-a.org/) is in partij dy't mei 7 minsken yn it Europeesk parlemint sit. De EFA is mei de Greens (EFA/Greens) de 4e partij yn it Europeesk parlemint. De FNP is mei 40 oare partijen út hiel Europa oansletten by de EFA en leveret al mear as 30 jier in bestjoerslid.   



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer