NIJS   14-04-2014


De FNP en de Europeeske ferkiezings

Gjin stimadvys; FNP wol aktyf yn EFA fraksje Brussel

 Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts  

De leden fan de FNP hawwe fia enkêtes oanjûn dat de FNP him aktyf opstelle moat yn Europa en dat se sa út en troch ynformearre wurde wolle oer wat der spilet. Dêrom dit artikel.

 

Sybren Posthumus,

foarsitter EFA-kommisje fan de FNP

en wurdfierder Europa yn de Steaten fan Fryslân 

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

  

Yn it foarste plak moat sein wurde dat by de ferkiezings foar it Europeesk parlemint allinnich noch mar steatsnasjonaal stimd wurde kin. Dat wol sizze, op dy partijen dy't yn in beskate lidsteat aktyf binne. Yn Nederlân binne dat bygelyks de PvdA, CDA, VVD, D66, GrienLinks, ikkiesvooreerlijk.eu of de SP.  Transnasjonale (Europeeske) kieslisten binne noch altyd net mooglik neffens de Europeeske regels ek al wurdt dêr sa út en troch in baltsje oer opgoaid. Dat betsjut foar FNP'ers en de efterban dat wy allinnich mar de mooglikheid hawwe om op ‘Haachske' partijen te stimmen. It ideaal dat bygelyks immen út Burgum op in Katalaan út Barselona stimme kin, echt Europeesk dus, is noch fier fuort.

 

Troch dy konstruksje fan nasjonale kieslisten is it dus ek net mooglik om op de EFA (Europeeske Frije Alliânsje), de Europarlemintspartij dêr't de FNP by oansletten is, te stimmen. En dat is fansels ôfgryslik spitich, want as de ynwenners fan alle regio's lykas Fryslân mei in sterke eigen identiteit of taal en kultuer de krêften bondelje soenen, dan soenen leafst 50 miljoen minsken op de EFA stimme kinne. Dan soe in Europeeske ‘machtsfaktor' (om sa'n wurd mar te brûken) fan komsa yn it Europeesk parlemint ta stân komme kinne. Fansels hawwe de besteande sintralistyske partijen dêr hielendal gjin belang by. Dy hâlde it leaver op lidsteatbasis.

 

Om't de FNP yn it Nederlânske systeem lang net genôch stimmen helje soe (sa'n 200.000 nedich foar ien sit) hawwe HB en ledegearkomste novimber lêstlyn besletten om net mei te dwaan op 22 maaie. Hoe komt de EFA dan oan syn stimmen, freegje jo jo faaks ôf? Dat binne de stimmen dy't de ynwenners fan benammen de wat gruttere regio's jûn hawwe oan regiopartijen lykas de SNP yn Skotlân en de N-VA yn Flaanderen. Op dit stuit hat de EFA 7 sitten op in totaal fan 766 yn it EP. De Europarlemintsleden komme fan Skotlân (SNP, 2), Flaanderen (N-VA, 1), Wales (Plaid Cymru, 1), Korsika (PNC, 1), Kataloanje/Baskelân/Galisië (kombypartij, 1) en fan de Russen út Letlân (1). Om't benammen de Skotten, Katalanen, Flamingen en de partij út Wales winst ferwachtsje soe de EFA nei de ferkiezings wolris mei 9 of 10 leden weromkomme kinne.

 

Yn it parlemint hat de EFA in technyske gearwurking mei de Greens. Dat wol sizze, beide partijen foarmje ien groep, mar de EFA is by stimmings folslein frij en hat syn eigen partij-aktiviteiten en meiwurkers. Yn it Europeesk parlemint is dy groep de fjirde yn grutte en dêrom geregeld fan belang om in mearderheid te foarmjen.

 

De FNP jout syn leden gjin stimadvys, dêr is elkenien frij yn. Yn de oanrin nei de Europeeske ferkiezings hawwe ferskate partijen kontakt mei de FNP socht, fansels ek mei it each op de 40.000 kiezers dy't no har kar noch meitsje moatte. Fansels binne dy petearen om goed fatsoen net wegere, mar de FNP bliuwt in ûnôfhinklike partij dy't him net foar it karke fan hokker partij of beweging spanne lit.

 

De bêste wize om de Fryske saken yn Brussel te behertigjen is it kontakt mei en de ynspannings fan de EFA sels, dêr't de FNP al mear as tritich jier in ferbining mei hat. De ôfrûne jierren is der skrept foar Tryater, foar de Omrop, foar eigen sizzenskip oer Romtlike oardering en mynbou, it lânboubelied en gean sa mar troch. Sa bouwe wy Europa op út de minsken en de folken wei en net technokratysk fan boppen ôf. Op www.e-f-a.org is it ferkiezingsprogram fan de EFA te lêzen.

 

As jo fragen hawwe nei oanlieding fan dit stik kinne jo kontakt opnimme mei Olrik Bouma (bestjoerslid EFA) of mei my (foarsitter EFA-kommisje yn de FNP).

Adresgegevens steane op de webside fan de FNP.

  

Sybren Posthumus

 

 

Dit artikel is ek publisearre yn de Frijbûtser fan maart 2014



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer