![]() |
Yn septimber sil de FNP nei Edinburgh ta, de politike haadstêd fan Skotlân. It is de bedoeling om dan it proses fan it referindum op 18 septimber oer de takomst fan it lân mei te meitsjen. Sizze de Skotten 'ja' of 'nee' op de fraach om in eigen selsstannich lân te wurden? |
Wy wolle yn petear mei de SNP, de politike partij dy't ferlykber is mei de FNP en dêr yn it regear sit. Fierder fansels wat fan de stêd sjen en gewoan in moaie tiid meielkoar hawwe. Jo kinne dit as lid fan de FNP meimeitsje! Der binne kaartsjes foar 25 persoanen reservearre by de KLM. De hinnereis is op woansdei 17 septimber. 10 minsken kinne op freed 19 septimber werom en 15 minsken op sneon 20 septimber.
In rûge yndikaasje fan de kosten is € 475 ynklusyf fleanen, b&b en iten/drinken foar 3 dagen. Foar 4 dagen is it om endeby € 550,-. Wy besykje noch om dy kosten nei ûnderen te krijen fia in mooglike bydrage fan de OSF en/of oaren.
Definitive ynformaasje folget letter. Oanmelding kin oant 14 juni, 12.00 oere fia reisliedster Hanne Readbergen op hanne8844gmail.com.
Wês der gau by, want dy't earst komt hat kâns fan plak en der is wol belangstelling!
Sybren Posthumus, foarsitter EFA-kommisje FNP
It Skotske Parlemint