NIJS   15-12-2014


Weromsjen op FNP referendum reis Skotlân

Lessen foar Fryslân ?

Sybren Posthumus 2014 MGM 2803 lyts   

Stúdzjereis referindum oer takomst Skotlân

 

Fan 17 oant en mei 20 septimber 2014 hat in 17-koppige delegaasje fan de FNP op besite west yn de politike haadstêd fan Skotlân, Edinburgh. Doel fan de besite wie it ûndersykjen fan it referindumproses, hokker lessen hjir út te lûken wiene foar Fryslân en oare regio's yn Nederlân en Europa, en hokker sterke en swakke punten analysearre wurde koene.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europeeske Saken

 

Reaksje? Mail: s.posthumusfryslan.nl 

Yn it foar hiene de dielnimmers tsientallen artikels lêzen oer de (politike) sitewaasje yn Skotlân, oer de oanlieding ta it referindum en oer de arguminten fan foar- en tsjinstanners fan ûnôfhinklikens (de fraach dêr't it referindum om draaide). Op dizze wize is yn it foar op grûn fan publikaasjes ynformaasje garre. Op de dei fan it referindum sels binne yn de publike romte, foar de stimburo's, 169 minsken befrege troch de dielnimmers oan de stúdzjereis. Fan dy minsken seine 92 'ja' stimd te hawwen op de fraach nei in ûnôfhinklike steat, 55 'nee' en 11 persoanen makken dúdlik harren miening net priis jaan te wollen. Dêrneist is yngongen op it referindumproses sels, de faal- en suksesfaktoaren en efterlizzende arguminten. 

 

Op grûn fan in stúdzje yn it foar koe konkludearre wurde dat de referindum (kies) kommisje dy't troch it Skotske regear oansteld wie, de saak perfekt organisearre hie. Oant yn detail wie saken lykas befeiliging, it ferrin op de dei sels en tarieding en bekend meitsjen fan de útkomsten organisearre. Der kin dan ek perfoarst úthâlden wurde dat it referindum as demokratysk ynstrumint tige goed wurke hat mei in hiel hege opkomst (85%). Ek it rjocht op selsbeskikking fan de Skotten en oare folken om te besluten oer harren eigen takomst waard rûnom erkend.

 

It like der ek op dat de ynhâldlike ynformaasje oer de foars en tsjins fan it referindum adekwaat bekend makke wiene. Tink oan de white paper fan it Skotske regear en de mooglikheden foar beide kampen om kampanje te fieren. Dochs die op de dei sels bliken dat in soad kiezers net genôch ynformaasje krigen hiene en de konsekwinsjes fan bygelyks in 'ja'- stim net genôch oersjen koene. Yn de petearen op strjitte waard dit in hiel soad neamd. Dit sil der grif mei ta laat hawwe dat in mearderheid fan 55% 'no' stimd hat en in minderheid fan 45% 'yes'. Konklúzje foar Skotlân sels is dat, ek al wie ien en oar bestjoerlik en juridysk hiel goed taret, it 'swakke stee' benammen de ynformaasjefoarsjenning wie oer de konsekwinsjes fan de karmooglikheden. Hjir moat perfoarst folsleine dúdlikens oer wêze.

 

Wat de (ûn)mooglikheden yn Fryslân of Nederlân oangiet fan sa'n folksriedplachting (referindum) stie yn de Ljouwerter Krante fan 16 septimber 2014 in artikel dat it lêzen tige wurdich is. Yn it artikel hâldt Gerhard Hoogers fan de RyksUniversiteit yn Grins út dat Fryslân troch in referindum en in dêr op folgjend demokratysk proses politike selsstannigens krije kin. De provinsje Fryslân hat al in referindumferoardering en de Nederlânske Grûnwet hat net fêstlein hokker gebieten it Keninkryk út bestiet. Konklúzje foar Fryslân / Nederlân is dat in referindum op himsels útsoarte in goed demokratysk middel wêze kin om de befolking te belûken by en in útspraak dwaan te litten oer de takomst fan in gebiet, as de ynformaasje yn it foar teminsten gjin inkelde twifel bestean lit oer de konsekwinsjes fan de te meitsjen kar.

 

 

De stúdzjereis is mei mooglik makke troch in bydrage fan it Wittenskiplik Buro fan de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF).



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer