![]() |
EFA-moasje Europeesk flechtlingebelied Johannes Kramer sprekt freed 29 jannewaris op de nijjiersgearsit fan de susterpartij fan de FNP, de SSW (Süd Schleβwigsche Wählerverein) yn Sleeswyk-Holstein. It treffen hat tagelyk as doel om de ynbring ta te rieden foar it jierlikse kongres fan de Europeeske regionale partijen (EFA) begin april op Corsica. SSW en FNP wolle dêr in moasje yntsjinje foar in Europeesk flechtlingebelied.
Reaksje? Mail: j.kramerfryslan.frl
|
Yn syn taspraak giet Kramer yn op wat de Friezen yn Westerlauwersk-, Noard- en Eastfryslân bynt en wat wy mienskiplik hawwe. As Noardseelannen ha wy in lang en mienskiplik ferline. Hy wiist op it boek fan Michael Pye dy't ús foarâlden in grutte rol ta dichtet. De Friezen yn de betide Midsieuwen hawwe mei hannel it jild opnij ûtfûn en fan grutte betsjutting west foar de ekonomyske en kulturele ûntwikkeling fan ús regio.
Ek de aktuele polityk yn Europa komt oan bod. De flechtlingeproblematyk is in mienskiplik probleem dat allinne Europeesk oanpakt wurde kin. En net troch grinzen te sluten sa as Denemarken wol, seit Kramer. De FNP sil derom de twa oankundige moasjes fan de SSW ditoangeande stypje op it kommende EFA kongres begjin april.
Oare punten dy't Kramer oansnijt en dy't om in Europeeske oplossing en oanpak freegje, binne de lânbou, de guozzen en it aaisykjen. By ús meie de aaien fan de ljip net mear meinaam wurde. Yn Frankryk sjitte se de ljippen út de loft. Wylst yn hiel Europa deselde fûgelrjochtlinen jilde. Sokke tsjinstridichheden meitsje fan Europa neffens Kramer in abstrakt ‘Orwelliaansk' rariteitekabinet. Alle boeren, ljippen, guozzen binne gelyk, mar guon boeren, ljippen, guozzen binne mear gelyk as oaren.
Johannes Kramer sprekt de winsk út dat it kommende jier in basis lein wurdt foar in nije mienskiplike lânboupolityk. Mooglik al ûnder it Nederlânske foarsitterskip. Mar it is ‘mei sizzen net te dwaan'.