De FNP wol yn it foarste plak foarkomme dat konteners oerboard slaan. Dêrta is it nedich dat de konteners goed fêstmakke binne en dat de kontenerskippen goed ûntwurpen binne. Mar allinnich regels opstelle om dat foar te skriuwen is net genôch. Der moat ek kontrolearre wurde oft de rederijen ek útfiering jouwe oan de regels. Ut in earder ûndersyk hat bliken dien dat leafst 60% fan de kontenerskippen net foldie oan de regels. Dat komt ek omdat havenynspeksjes net of net goed dien wurde. Omdat jo risiko's net hielendal útslute kinne, is it ek nedich dat konteners opspoard wurde kinne. De FNP wol dat yn alle gefallen dy konteners dy't giftige lading hawwe fia GPS-apparatuer opspoard wurde kinne.
As der dan dochs konteners oerboard slaan, wol de partij ek dat alle kosten, sawol fan it oprêden fan de troep, it skjinmeitsjen fan de kusten as ek it bergjen fan de konteners en it skjinmeitsjen fan de see folslein foar rekken komme foar de rederijen. De fersekering fan de reders moat ynstean foar alle te meitsjen kosten.
Earder, yn 2010, is de FNP ek al yn aksje kommen yn ferbân mei it grutskalich seekontenerferfier. Op it EFA-kongres yn Fenetië hat de FNP mei súkses in moasje yntsjinne, mei in oprop oan de Europarlemintsleden fan de EFA om yn aksje te kommen. Dêrop hat Europarlemintslid Frieda Brepoels fan de EFA oant twa kear ta skriftlike fragen steld yn it Europeesk parlemint (yn juny 2010 en yn febrewaris 2012). Yn de tuskentiid hat ek noch in diskusje plakfûn yn it parlemint sels.
Foto: Marcel van Kammen