NIJS   28-01-2016


Gjin jild foar gala's en sponsoring troch SNN

Skriftlike fragen Sybren Posthumus

Sybren Posthumus 2015 lyts      

De FNP wol in sobere en doelmjittige SNN-organisaasje foar it ferdielen fan Europeeske subsydzjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte. In eigen evenemintefûns fan it SNN foar de sponsoring fan gala's en eveneminten heart dêr net by neffens Steatelid Sybren Posthumus. Hy hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten.

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes    

Reaksje ? Mail  s.posthumusfryslan.frl 

De FNP is fan betinken dat it oprjochtsjen fan in nij evenemintefûns grutte fragen oproppe kin yn de Fryske mienskip. Benammen om't ferskate Fryske kulturele subsydzjepotsjes no krekt ôfskaft binne mei as reden ‘te min jild'. Wurdfierder Posthumus is ferbjustere dat der sa't it liket no wol finânsjes binne foar gala's en sponsoring op noardlik nivo. 

 

De tekst op de webside en de Nijsbrief fan it SNN roppe de suggestje op dat elkenien no jild oanfreegje kin foar ‘noardlike' eveneminten. It liket ek dat der gjin maksimum steld is en dat it budzjet de kommende jierren sels noch grutter wurde kin. Posthumus konfrontearret it Kolleezje en it DB fan it SNN mei in moasje dy't yn de Steaten fan 20 maaie 2015 oannommen is. De Fryske polityk wol dat de jierlikse ferheging fan de bydrage oan it SNN beheind bliuwt en dat SNN sels eventuele tekoarten opheint. 

 

Posthumus wol witte wat de provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten oan it nije evenemintefûns mei betelje moatte. It is de fraach hoe't him dit ferhâldt mei oare provinsjale subsydzjes en belied op itselde mêd, sa stelt de wurdfierder. Hy fynt it wrang dat SNN no wol in eigen noardlik evenemintebelied opsette wol foar gala's en sponsoring wylst neffens gegevens fan Partoer 26.000 húshâldens yn Fryslân ûnder it sosjale minimum sitte. Posthumus ferget it Kolleezje op in oardiel ditoangeande.



Downloads:
FNP skriftlike fragen nij evenemintefns snn.pdf
Antwurd op FNP fragen evenemintefûns snn


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer