NIJS   17-09-2015


Keamerfragen OSF oer skrassen status regionale organisaasjes monumintesoarch

Unrêst by lytsere stiftingen mei soad frijwilligers

Hindrik ten Hoeve efteroer leunend lyts   

Alde Fryske Tsjerken en De Fryske Mole de dupe

 

Senator Hindrik ten Hoeve (OSF) stelt skriftlike fragen oan de Minister fan OCW oer it skrassen fan de rykserkenning fan in grut tal behearstiftingen yn de monumintesoarch. De maatregel rekket benammen organisaasjes yn de regio. Yn Fryslân giet it bygelyks om renommearre stiftingen lykas Alde Fryske Tsjerken en De Fryske Mole.

 

Hindrik ten Hoeve, Senator

Reaksje? Mail hindrik.ten.hoevefnp.frl

 

Ten Hoeve wol witte oft it krekt is dat fan 40 oanfragen foar de saneamde POM-status (Professionele Organisatie voor Monumentenbehoud) der mar 28 takend wurde. It liket der op dat de beoardieling allinnich plakfûn hat op basis fan de oanlevere gegevens op papier. De feitlike wurksumheden en resultaten fan de oanbelangjende organisaasjes is net nei sjoen.

 

It skrassen fan de POM-status fan in grut tal professionele organisaasjes foar monumintebehâld rekket benammen regionale behearstiftingen. Dy wurde hjirtroch tebekset by it garjen fan fûnsen. Der is in soad ûnfrede, teloarstelling en ûntmoediging oer de gong fan saken. De OSF-senator wiist op de sterke regionale ynbêding en it weardefolle frijwilligerswurk krekt by de lytsere organisaasjes. Dizze soene ek kosteneffisjenter wurkje as de grutte lannelike stiftingen.

 

De OSF freget de minister om in oplossing foar de ûntstiene problemen fia de Rie foar Kultuer. Mei oare kritearia, lykas de feitlike prestaasjes fan de organisaasjes, en mei minder yngewikkelde oanfraachprosedueres soe de ûnfrede delbêde wurde kinne. De FNP as dielnimmende regionale partij yn de OSF stipet de fragen om it grutte belang foar de besteande Fryske monuminteorganisaasjes.



Downloads:
OSF Keamerfragen skrassen pom-status regionale organisaasjes monumintesoarch
Antwoord OSF Kamervragen pom status regionale organisaties monumentenzorg


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer