NIJS   25-03-2016


Nei in nije Provinsjale Omjouwingsfisy

De FNP yn de Steaten fan maart 2016

Nei in nije Provinsjale Omjouwingsfisy

 

De Omjouwingsfisy wurdt de opfolger fan it hjoeddeistige Streekplan. Romtlike oardering, it Wetterhúshâldingsplan, it Ferkear-en Ferfiersplan, it Miljeuplan en noch gâns oare ûnderwerpen, no noch allegearre yn aparte beliedsnota’s, geane aanst op yn ien yntegraal plan.

 

Oer de tema’s wynenerzjy, de begrinzing fan de Ekologyske Haadstruktuer (EHS), it greidefûgelbelied en de feangreidefisy (ferheegjen wetterpeilen, útfieren pilots yn proefgebieten) hawwe de Steaten noch mar koartlyn it belied al fêstlein. Lykwols besocht de opposysje, mei PvdA en GrienLinks foarop, op dizze mêden de diskusje wer hielendal op’e nij te begjinnen.

Moasjes en in amendemint ditoangeande slaggen net. Klaas Fokkinga wist mei syn kollega-wurdfierders fan de koälysje ús Kolleezje goed út de wyn te hâlden.

 

Yn de rin fan dit jier is de start fan in iepen planproses nei in ‘koersdokumint’ yn 2017. Mids 2018 moat dan de Omjouwingsfisy yn PS op tafel lizze. Belangstellende boargers en organisaasjes dy’t meidwaan wolle riede wy oan de berjochten fan de Provinsje yn’e rekken te hâlden.

 

 

Krimp en leefberens

 

De basis fan it provinsjale krimpbelied stiet yn de nota ‘Fan mear nei better’. Net alhiel tafallich deselde titel as in earder FNP-ferkiezingsprogramma. Der is ferlet fan mear regionale regy troch de Provinsje foar boppegemeentlike ûntwikkelingen. Ek hawwe de Steaten ferlet fan in mear konkrete fertaalslach by dit somtiden wat abstrakte tema. Troch adekwaat yngripen fan FNP-wurdfierder Wopke Veenstra waard foarkaam dat CDA, VVD en SP mei de opposysje meistimden. Yn stee dêrfan helle in troch de FNP wizige amendemint it mei 26 stimmen foar.

 

 

Kultuer, taal, ûnderwiis en sport

 

Corlienke de Jong fierde it wurd by de Startnotysje foar it nije belied foar kultuer, taal, ûnderwiis en sport. Punt fan omtinken foar de FNP is de sichtberens. ‘Lit sjen wa’st bist en watst dochst’. Dat jildt foar Fryslân as gehiel yn Nederlân en yn Europa (en is dêrmei in ferfolch op de eardere nota’s ‘Grinzen oer’ en ‘Finsters iepen’). Mar it jildt fansels ek foar de Provinsje sels, as it bygelyks giet om it sichtber brûken fan it Frysk.

 

De FNP hie krityske fragen oer it ‘Noardlike’ kultuerkonvenant ‘We the North’ dat sûnder folle útlis flak yn it foar noch oan PS tastjoerd wie. Docht soks ûnderstek oan besteand Frysk kultuerbelied; hokker bydrage moat de provinsje leverje? De Jong krige yn it debat boppe tafel dat in stim foar de startnotysje net automatysk in stim foar in noardlik konvenant is. De deputearre joech ta dat de timing wat ûngelokkich west hie. It konvenant sil letter apart oan de Steaten foarlein wurde. Lyksa de eventuele finansjele konsekwinsjes.



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer