NIJS   04-09-2017


TV dokumintêre It Fryske Wetter

Wetterskip Fryslân hat fan't simmer mei Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân in ynhâldlike en finansjele bydrage levere oan in ferfolchôflevering fan de searje 'Wildernis onder water' fan de NPO: 'It Fryske Wetter'.

‘It Fryske wetter'

It twalûk 'It Fryske Wetter' giet oer de ynfloed fan de minsk en de klimaatferoaring op de wetterkwaliteit. Underwerpen dy't oan de oarder komme binne it tsjingean fan smoarch wetter troch rekreaasjefeart en lânbou (as ûnderdiel fan ús aksjeplan emisjes) en fiskmigraasje. Yn de haadrol ús Wetterskippers Siebold Krol (rayonbehearder), Jan Roelsma (koördinator wetterkwaliteit), Jasper de Rijke (klustermanager hanthavening), Marianne Thannhauser  (ekolooch) en Mattie de Vries (gegevensbehearder wetterkwaliteit).

 

Utstjoering diel 1 en 2

It twalûk wurdt op de folgjende data útstjoerd:

 

Diel 1:

Diel 2:

 

Wildernis onder water

De searje ‘Wildernis onder water' giet oer de ûnderwetternatuer en oer it belang fan goede kwaliteit fan it oerflaktewetter. De earste searje is opnommen yn ús behearsgebiet en wie begjin 2017 te sjen by de EO op NPO2. Mei mear as 600.000 sjoggers yn trochsneed per ôflevering wie de searje in grut sukses. Op dit stuit wurket men oan in twadde searje. Dizze komt kommende hjerst op televyzje.

 

Utstjoering mist? 

Searje 1 mist? De útstjoeringen binne noch te sjen op www.wildernisonderwater.nl/uitzendingen



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer