NIJS   28-04-2016


Fraachtekens by hege kosten parkearen provinsje

Hierkontrakt mei de gemeente foar 5 ton per jier

Sybren Posthumus 2015 lyts      

De Steatefraksje stelt de hege kosten (5 ton) fan it hierkontrakt foar de nije garaazje by it Provinsjehûs op'e nij ter diskusje. De FNP wol dat it Kolleezje fan DS ûnderhannelet mei de gemeente oer kompinsaasje foar leechsteande plakken en oer de ynflaasje fan 2,5% dy't jierliks boppe-op de hiersom komt. De fraksje hat skriftlike fragen steld oan deputearre Kielstra.  

  

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes    

Reaksje ? Mail  s.posthumusfryslan.frl 

In soad plakken yn de parkeargaraazje binne al fan de iepening ôf net te brûken, sa stelt FNP wurdfierder Sybren Posthumus. Der wie lekkerij en plakken wiene ôfsetten fanwege trochgeande bou-aktiviteiten. De garaazje is op it stuit sels 6 wiken hielendal ticht fanwege de bou fan apparteminten oan de Oosterstraat. Alle oanlieding om te freegjen oft der ek te ûnderhanneljen falt oer kompinsaasje, sa stelt Posthumus.

 

De provinsje betellet jierliks 5 ton oan de gemeente Ljouwert foar 256 plakken. Dit bedrach is sûnt de iepening al fiks heger wurden troch in fêste ynflaasjekorreksje fan 2,5% dy't der alle jierren by op komt. Neffens it eigen mobiliteitsbelied fan de Provinsje (2011) krije de wurknimmers gjin kilometerfergoeding mear foar wen-wurk ferkear mei de eigen auto. It wie al bekend dat dêrtroch folle minder amtners mei de auto nei it wurk kamen en folle mear op de fyts en mei it iepenbier ferfier.

 

Is dy relatyf hege ynflaasjekorreksje ek op'e nij ûnderhannelber, sa freget Posthumus. ‘Of is it kontrakt mei de gemeente yn beton getten, ek as der sprake is fan sterk wizige omstannichheden?' De FNP freget ek nei de effekten fan it provinsjale mobiliteitsbelied op de besettingsgraad fan de garaazje. ‘As it wier is dat der struktureel minder amtners mei de auto komme, hawwe wy dan net jierrenlang fierstente folle plakken hierd?' As suggestje jout Posthumus mei dat de garaazje rommer iepen steld wurde kin foar it winkeljend publyk.



Downloads:
FNP skriftlike fragen hege kosten parkeargaraazje
Antwurd op FNP fragen kosten parkeargaraazje


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer