Kin it Wetterskip de fyts- en kuierpaden oer it terrein fan it gemaal Ryptsjerk sa gau mooglik wer iepen stelle? Dat freget de Wetterskipsfraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan it Deistich Bestjoer (DB) fan it Wetterskip. De rûtes binne no ...
De provinsjale fraksje fan de Fryske Nasjonale Partij hat kennis naam fan it inisjatyf fan de stifting Wolvenhek Fryslân. Mei dat inisjatyf wol de stifting it fêstigjen fan de wolf yn Fryslân te foaren komme mei in stek fan it Iselm ...
De fraksjes fan de FNP en de PvdA yn de Steaten hawwe grutte soarch oer de nije beliedsregel dy’t it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Waadhoeke op 15 desimber 2020 fêststeld hat. It giet om de karakteristike ...
Nei oanlieding fan fragen fan ûnder oare de Feilichheidsregio Fryslân makket de FNP nochris bekend dat de partij moarn, op âldjiersdei gjin aksjes rûnom it karbydsjitten hâlde sil. ...
Hoe kin der sa gau mooglik in ‘Jeugd-Obe'-priis komme foar de bêste Fryske oersetting fan jeugdliteratuer? Dat freegje de FNP en FvDF yn de Fryske Steaten. Oanlieding is it grutte sukses fan Pipi Langkous yn it Frysk. Op basis fan ent&uci ...
De FNP wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten oan de slach giet mei in feilige oplossing foar it krúspunt yn De Harkema mei de provinsjale wei N369. Op it krúspunt wienen de lêste jierren ferskate ûngelokken. ...
Hjoed waard der yn de Fryske Steaten stimd oer in moasje om stipe te jaan oan in inisjatyf dat in lange histoarje hat. It is wichtich foar de posysje fan talen as it Frysk en ek foar de demokrasy en de belutsenheid fan boargers yn de Europeeske Uny. ...
In hiele romme mearderheid fan de Fryske Steaten wol dat de Europeeske Uny yn syn wetjouwing en belied rekken hâldt mei nasjonale minderheden en it kulturele en talige ferskaat dat der rûnom yn Europa is. ...
De evaluaasje fan Top Dutch krijt ek yn de Fryske Steaten noch in polityk sturtsje. De fraksjes fan FNP, PvdA en GrienLinks stelle meiinoar skriftlike fragen oer it útbliuwen fan oantoanber resultaat en it trochsetten fan dizze ekonomyske mark ...
Dit wykein waard dúdlik dat paprikateler Jaap Vink fan Bitgum en de agraryske natuerferiening De Alde Delte fan De Sweach de driging boppe de holle hinget dat har houtsnippersintrales freed al ticht moatte. Op oanstean fan de miljeuklup MOB ha ...
Reizgers dy’t mei de trein fan Bûtenpost nei Ljouwert geane moasten troch wurk oan it spoar gebrûk meitsje fan bussen dy’t smoarfol sieten. De Steatefraksjes fan de ChristenUnie, FNP en de PvdA hawwe dêr in soad klachten ...
Ut antwurden op skriftlike fragen docht bliken dat it Kolleezje fan Deputearre Steaten fynt dat it Frysk thúsheart yn de Grûnwet. Dat soe de status fan de taal en de útwurking fan it Frysk yn oare wetten tige fuortsterkje kinne. O ...
De fraksjes fan FNP en ChristenUnie yn Provinsjale Steaten hawwe konstatearre dat guon Fryske buslijnen yn de spits tsjokfol sitte. De lêste pear wiken krigen wy ferskate klachten fan reizgers dy’t har net noflik fielden mei de situaasje ...
'Der sil in griene Sicco komme moatte' sa kopte de Ljouwerter Krante op 26 jannewaris 2019. Oan it wurd wie de listlûker fan de FNP, dy’t ferwiisde nei Sicco Mansholt, de minister en Eurokommissaris ferantwurdlik foar de skaalfergrutting ...
‘Denk jij ook dat Land in Friesland aan het einde van de wereld ligt? Of je er misschien bijna vanaf valt? Dat je minstens een dag moet uittrekken voor de reis en zeker niet op reis moet zonder een flinke koelbox en thermoskan?’ En &lsquo ...
De FNP hat noed oer de plannen fan it Ryk mei de driuwende soarch yn Nederlân. Mei it mooglik útklaaien fan de saneamde ‘acute zorg', konsintraasje en opskaling kin dat in negative ynfloed hawwe op de berikberens fan de soarch en d ...
De FNP wol dat de Provinsje Fryslân de Fryske gemeenten, it Wetterskip, supermerken, ynstellings en bedriuwen mear aktyf ynformearret en stimulearret om it Frysk sichtber te meitsjen. Ut in nij rapport ‘Frysk yn de Ekonomy' docht bliken d ...
No’t der begjin oar jier wer ferkiezingen foar de Twadde Keamer binne, komme guon partijen op ‘e nij mei it foarstel om it Frysk yn de Grûnwet te ferankerjen. De FNP fynt it tige spitich dat de hjoeddeiske regearing fan VVD, CDA, D6 ...
In noardlik ferkiezingsdebat foar de Twadde Keamerferkiezings yn maart moat gean oer regionale ûnderwerpen. Ornaris komt dêr net folle fan op 'e hispel. De FNP stjoert der mei fragen fan 'e wike yn de Fryske Steaten op oan dat it ditkear ...
Der is op it stuit in ûntwikkeling geande dy’t gjin prognoase foarsjoen hie. No noch op in beskieden skaal, is der in trek fan minsken út oare plakken fan it lân geande. Troch koroana en it thúswurkjen yn kombinaasje m ...
Op de jierlikse EFA-konferinsje fan regionale partijen yn Europa okkerdeis binne twa moasjes fan de FNP unanym oannommen. De iene moasje pleitet foar mear regionale ynbring yn de saneamde ‘Conference on the Future of Europe'. Mei de oare moasje ...
De FNP wol dat Fryslân wer in Europe Direct fêstiging krijt. Dat is in frij tagonklik ynformaasjepunt dêr't ynwenners, oerheden, bedriuwen en ynstellings kennis oer Europa krije kinne. Sa'n ynformaasjepunt kin neffens de FNP helpe b ...
De FNP wol dat Fryslân him oanslút by de Drintske wolvekommisje. Dy kommisje bestiet út fertsjintwurdigers fan skieppehâlders, lânbou- en natuerorganisaasjes en wurket folop oan maatregels om fee te beskermjen tsjin oa ...
De FNP is kritysk op de finansjele útstellen dy't troch it regear dien binne by de ‘Miljoenenota'. Yn it foarste plak fynt de FNP it teloarstellend dat der noch hieltyd gjin oplossing is foar de grutte gemeentlike tekoarten. Dêr mo ...
Yn de gearkomste fan 16 septimber hat Rein van der Wal út It Surhústerfean de eed ôflein as nij Steatelid foar de FNP. Hy komt yn de steatebankjes nei't Corlienke de Jong ophâlde mei de polityk. ...
Corlienke de Jong hat op 16 septimber ôfskied nommen fan de Steaten fan Fryslân. Kommissaris fan de Kening Arno Brok spruts har by dizze gelegenheid mei waarme wurden ta. De Jong wie sûnt 2015 Steatelid en fraksjefoarsitter. ...
Ferdiel de lanlike jilden foar kultuer tenei fia de regio. Dêr pleitet de FNP foar mei in moasje yn de kommende Steategearkomste. De partij wol mei in nij ferdielsysteem in earliker en solidêre ferdieling oer it hiele lân berikke. I ...
De fraksjes fan FNP, CDA, ChristenUnie, GrienLinks, PvdA, SP en VVD stelle mei-inoar fragen oan it Kolleezje oer de kommunikaasje mei de ferskate brûkersgroepen yn en om it Drints-Fryske Wâld (DFW). Neffens de partijen sit him dêr d ...
De FNP is min te sprekken dat der gjin wurd Frysk brûkt wurdt yn de nijste toerismekampanje fan Merk Fryslân. Dy is rjochte op it eigen Fryske publyk, om yn Coronatiid yn eigen lân op stap te gean. De partij neamt it in ‘miste ...
De fraksje fan de FNP yn provinsjale steaten hat Sijbe Knol keazen as nije fraksjefoarsitter. Corlienke de Jong docht, nei hast seis jier fraksjefoarsitterskip fan de FNP, in stap tebek. ...
De FNP fynt dat de brûkers fan de buertbus yn Fryslân gau wer de mooglikheid hawwe moatte mei it iepenbier ferfier te reizgjen. Neffens berjochten yn de media fan dit wykein kin de feiligens yn de lytse achtpersoans buertbuskes net garand ...
De FNP stelt op ‘e nij fragen oer it neilibjen fan de twa provinsjale feroarderingen oer de bestriding fan skealike planten. De planten binne in gefaar foar melkfee en hynders, benammen as de Jabikskrúswoartel of stikels yn hea of kuil b ...
Spektakel yn de lêste AB-gearkomste fan it Wetterskip foar de simmerfakânsje. Beheinde stiging fan de lesten foar de boeren stiet sintraal foar de sittende boere-koälysje. Ek as dêrfoar op'e nij nei de eigen organisaasje en bel ...
De FNP fynt dat de provinsje Fryslân him ynsette moat om de saneamde grienstasjons te stimulearjen en wer op gong te helpen. By de grienstasjons wurdt op it hiem fan boerebedriuwen út grienôffal út de direkte omjouwing kompo ...
Fakmanskip en de ambachtsekonomy moatte in plak krije yn de nije provinsjale nota Ekonomy. De Steatefraksje fan de FNP achtet dit fan grut belang. It tekoart oan fakkundich personiel wurdt hieltyd grutter. De FNP komt moarn yn de Steaten mei in moasj ...
De FNP komt dizze wike mei in moasje om mear drones yn te setten foar de beskerming fan de greidefûgels yn Fryslân. Ut in proef troch fûgelwachters fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten docht bliken dat it gebrûk fan ...
Ut de jierrapportaazje oer 2019 oer it tafersjoch fan de natuerwetten blykt dat der hieltyd mear yllegale kap konstatearre wurdt. De FNP makket him al langere tiid soargen oer it behâld fan it Fryske lânskip en freget it kolleezje fan Dep ...
De FNP komt moarn yn de Steaten fan Fryslân mei in moasje om ek yn de takomst in goede farferbing te hâlden tusken de Ofslútdyk en de haven fan Harns. Oanlieding binne krityske lûden fan ûndernimmers út Harns yn ...
De koroana-epidemy soarget derfoar dat ek de FNP har oanpasse sil op it mêd fan gearkomsten: It Haadbestjoer en de Steatefraksje fergaderje online. Riedsfraksjes dogge dat ek.
Fanselssprekkend hâldt de FNP har oan de koroanamaatreg ...
Op oanstean fan de steatefraksjes fan 50Plus, FNP en PvdA is der op 3 juny in saneamde expertmoeting oer Thialf. De gearkomste is iepenbier en wurdt live útstjoerd fia it kanaal fan Provinsjale Steaten op https://fryslan.notubiz.nl/dashboard . ...
Op inisjatyf fan de FNP, CDA en VVD sille de Steaten fan Fryslân har woansdei útsprekke oer it belied fan de oerheid om de stikstofproblematyk op te lossen. Omdat sawol de natuer, as ek de agraryske sektor en oare bedriuwen fan grut bela ...
De FNP bliuwt kritysk op de hieltyd oprinnende kosten fan it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN). Dy geane mei likernôch 10% jierliks de begrutte ynflaasje fier te boppe. De partij wol lykas de deputearre ta op in ‘slanke' ú ...
De Steatefraksjes fan de FNP, Groninger Belang, Sterk Lokaal Drenthe, Lokaal Limburg en Provinsjaal Belang Fryslân hawwe in brief oan de Twadde Keamer stjoerd, wêryn’t se omtinken freegje foar de negative konsekwinsjes fan de foarno ...
De FNP hat stevige krityk op de ôfspraken dy’t Steatssekretaris Van Veldhoven makke hat mei de ûnderwiissektor. Skoalbern en studinten yn it middelber en heger ûnderwiis moatte aanst sa min mooglik gebrûk meitsje fan it ...
De fraksjes fan FNP, PvdA en Water Natuurlijk hawwe it Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân skriftlike fragen steld om't de oanpak fan de Alddyk ûnder Anjum mar net opsjitte wol. Yn de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân hat de P ...
De FNP-Steatefraksje wol fan it kolleezje fan Deputearre Steaten witte wat der dien wurdt om weardefolle lânskipseleminten yn Noardwest-Fryslân te beskermjen. It giet dêrby om de karakteristike beamsingels en slingerjende sleatsjes ...
De FNP-Steatefraksje hat soarch oer de plannen foar takomstige rûtes en ynrjochting fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Der sil mear wylde natuer komme en paden wurde ferlein. De FNP wol fan it kolleezje fan deputearre steaten witt ...
FNP, CDA en 50PLUS sille in moasje yntsjinje wêrmei’t oan it kolleezje frege wurdt om by fergunningsoanfragen foar sinne-enerzjy de saneamde ‘sinneljedder’ ta te passen. De oanlieding dêrfoar is dat der op it stuit fersk ...
De FNP wol dat de provinsje Fryslân mei ien yntegraal krisispakket komt by de ‘Kadernota' yn juny. Dêr soenen alle maatregels fan de provinsje Fryslân yn ferbân mei de corona-krisis mei finansjele konsekwinsjes yn komme ...
De FNP-Steatefraksje is min te sprekken oer de bouplannen foar it nije sabeare ‘buorskip’ De Hem ûnder Goutum. De plannen gean út fan nijbou deun njonken it greidefûgelgebiet de Hounspolder, dêr’t neffens f& ...
De Steatefraksje wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten útsiket of de jilden fan it besteande IMF brûkt wurde kinne om doarpshuzen en wykgebouwen te stypjen en oft der mooglik ek noch oare fûnsen binnen de provinsje binne dy&r ...
De FNP sil yn ’e Steategearkomste fan april foar Fryslân as reinbôgeprovinsje stimme. De Steatefraksje basearet him op de kearnwearde solidariteit yn it partijprogram. Dêr stiet dat der romte wêze moat foar elkenien yn & ...
FNP, CDA en 50PLUS hawwe grutte muoite mei plannen foar in mega-sinnepark oan de súdkant fan Ljouwert. Tiisdei wie der in besletten gearkomste foar omwenjenden oer plannen foar in sinnefjild fan mear as 60 hektare yn it iepen lânskip en ...
De FNP Steatefraksje stelt fragen oer de ferklearring fan gjin betinkings dy’t de provinsje ôfjûn hat foar de sânwinning yn de Iselmar. Begjin 2019 hat de FNP-fraksje yn De Fryske Marren en dêrmei de mearderheid fan de g ...
Op oanstean fan de steatefraksjes fan FNP, Grienlinks en de Partij voor de Dieren wurdt der op woansdeimiddei 11 maart om 13:00 yn it Provinsjehûs yn Ljouwert in iepenbier tagonklike expertmeeting oer de risiko’s fan 5G organisearre. Binn ...
De FNP-Steatefraksje siket in betûfte en entûsjaste kommunikaasje-adviseur. Wolst do in boeiende baan yn in dynamyske wurkomjouwing, bist do ynteressearre yn de Fryske polityk en yn it wurk fan de Fryske Steatefraksje en hast boppedat in ...
Yn de Steaten fan 26 febrewaris 2020 waard troch GrienLinks, FNP, SP, PvdD in moasje yntsjinne oer de omkearde bewiislêst by skea troch gas- en sâltwinning. Yn Grinslân hawwe minsken mei skea troch gaswinning jierrenlang lijen h&aci ...
De FNP is kritysk oer de grutte finansjele ferliezen by de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij (NOM). In yngreep kin net wachtsje. De FNP komt dêrom mei in moasje om de kosten nei ûnderen te bringen. ...
De FNP en ChristenUnie wolle dat de gemeente en provinsje yn aksje komme om de ferkearsfeiligens yn St. Anne te ferbetterjen. St. Anne is it grutste plak fan It Bilt en hat in wichtige sintrumfunksje. Omdat midden yn St. Anne twa provinsjale diken in ...
Nei berjochten oer it weriepenjen fan de leechfleanrûte oer noard en east Nederlân is grutte ûnrêst ûntstien. Tal fan doarpsbelangen, belangeferienings en ynwenners binne yn protest kaam tsjin it foarnimmen fan Definsje ...
Leechfleanrûte sil wer iepen. It Ryk is fan doel om it leechfleanen mei straaljagers op in hichte fan 75 meter wer mooglik te meitsjen boppe Fryslân. Definsje wol de âlde leechfleanrûte fan noard nei súd oer de provinsj ...
Op woansdei 22 jannewaris is yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten Fryslân Klaas Fokkinga (66) ynhammere as nije FNP-deputearre. Provinsjale Steaten hawwe definityf ynstimd mei de beneaming fan Fokkinga as deputearre. ...
De fraksjes fan FNP en 50PLUS yn Provinsjale Steaten wolle dat de provinsje him folle hurder ynset om de dupearren fan fundearringsskea en pealrot troch peilferleging fan grûnwetter te helpen. Dêrfoar komme de twa partijen tegearre mei in ...
Hoe wol de Provinsje omgean mei de fiks legere studintetallen fan de nije RUG Campus Fryslân? It binne der no 197 wylst it der 630 wêze moasten. Moat, nei oanlieding fan de nei ûnderen bystelde ferwachtings en ambysjes fan de direkt ...
Romte foar it rânelân, nije kânsen & nije útdagings, workshops oer sûne grûn, duorsume enerzjy en it sosjaal domein; it kaam allegearre oan ‘e oarder op de FNP nijjiersgearsit yn Hallum op 4 jannewaris 2 ...
Kin de besteande software foar spraakwerkenning fan de Fryske Akademy ek brûkt wurde foar de Fryske ûndertiteling fan riedsgearkomsten? Dat freget de Steatefraksje fan de FNP yn skriftlike fragen oan deputearre Poepjes. De partij wiist op ...