Durk Stoker (FNP) nije foarsitter OSF

De lederied fan de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF) hat sneon 14 oktober har nije foarsitter keazen. De ôfgeand foarsitter, Jabik van der Bij (76), hat nei 10 jier de foarsittershammer trochjûn.

OSF

De Lederied wie ienriedich en dêrmei hat Durk Stoker, mei de oare bestjoerders, in rom mandaat om de Onafhankelijke SenaatsFractie nei in bloeiende takomst te lieden. 


Durk Stoker (59) is troud en heit fan trije, ûnderwilens útfleine, bern en de grutske pake fan fjouwer pakesizzers. Hy wennet yn Koudum en is wurksum as wethâlder foar de FNP yn de Gemeente Súdwest-Fryslân

 

 

Lês hjir fierder it folsleine parseberjocht fan de OSF 



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer