Gearwurkjende gemeenten binne net goedkeaper út

As gemeenten gearwurkje, jouwe se dêrnei noch like folle jild út. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centrum voor Onderzoek van de Economie van de Lagere Overheden (COELO) fan de Ryksuniversiteit yn Grins.

Gemeenten wurkje de lêste jierren hieltyd mear gear, ûnder mear om't hja der komplekse taken fan it Ryk by krigen hawwe. It totale bedrach dat útjûn wurdt oan gearwurkingsferbannen is  tusken 2005 en 2013 fjouwer kear sa grut wurden fan 1,8 nei 8 miljard euro.

 

Yn 2005 wurken hast alle gemeenten al gear op it mêd fan sosjale wurkfoarsjenning. No docht 38l% dat ek by de sosjale tsjinst, 36% by it ynheljen fan belesting en 49% by it opheljen fan hússmoargens. Yn it ûndersyk binne net meirekkene taken lykas jeugdsoarch, dy't ûnder it foarige kabinet desintralisearre binne.

 

Gemeenten sjogge sels it gearwurkjen as in wichtige wize om kosten te besparjen of om bettere tsjinstferliening te jaan. Mar it earste blykt neffens de ûndersikers, heechleraar Ekonomy Maarten Allers en promovendus Tom de Greef net wier te wêzen en it twadde kin ek net ûnderboud wurde. Deselde konklúzje luts it COELO trije jier lyn ek oer de finansjele effekten fan gemeentelike fúzjes.

 

 

Klik hjir nei de webside fan it COELO fan de RUG .

 

Klik hjir nei de publikaasje yn de Economisch Statitische Berichten    

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer