Mysterieuze Pier

Mysterieuze Pier lyts 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wa wol net libje op 'e Fryske grûn
fan taaie klaai of 't lege fean
op beide fuotten frij te gean
en oan gjin frjemde machten bûn.

Sjedêr dat wol de Frije Fryske Grûn
yn 't suden fan ús godlik gea,
mar sjoch ek net, der is gjin lea,
leau inkeld yn in geastlik bûn.

Syn god wurdt neamd mysterieuze Pier
dy't skuorret 't eigen harnas glêd,
dat frjemde pylken rêde 't net,
alhiel net mei in ticht fizier.

Wy sjogge foar ús leaver Grutte Pier,
net as in god fan moard en brân
dy't rêde 't Frije Fryske Lân,
mar wol syn lea, fan foet oant hier.



2019 FNP Fryslân - Disclaimer