Johan en Minne Dykstra hawwe in grut boubedriuw yn Ljussens wêr't sa'n tritich minsken wurkje. Sy fiele har ferantwurdlik foar de mienskip en wolle dêryn graach wat betsjutte. Sa foel harren each op it leechsteande molkfabryk ‘De Dongeradelen'. It gebou hat mear as tweintich jier leech stien en wie swier yn ferfal. Sa'n trije jier lyn hawwe se it gebou kocht mei de bedoeling der wenningen yn te bouwen foar starters, mar dat mocht net fan de gemeente.
Yn oparbeidzjen mei doarpsbelang
is der in mienskiplik plan fan
makke om der lúkse rekreaasje wenningen yn
te meitsjen. Se hawwe der foar
keazen om alles yn eigen behear út te fieren, of lokaal yn te keapjen. Dan
binne se wis fan kwaliteit en it jout in slinger oan de lokale ekonomy. It doel
is ek letter, as de gasten komme, safolle mooglik, bygelyks it iten, lokaal yn
te keapjen.
Dêr binne se no drok mei dwaande. De gemeente helpt harren der goed mei en
der is jild fan út it Waadfûns kommen. Ek hat it projekt gebrûk makke
fan Leader jilden. Dat lêste wie
wol hiel dreech oan te freegjen, mar dat is slagge en no stiet der in
prachtich gebou yn 'e stegers. Wat op dit stuit dreech is, binne de tanommen boukosten.
De bruorren besykje dêr noch stipe foar te krijen.
Fan de polityk freegje se: ‘Wat soe it moai wêze oft prosedueres flotter ferrinne. Dat besparret ús in protte jild en soargen'.
It twadde mienskipsprojekt dat wy besochten wie het âlde kafee yn Ljussens.
Seis kammeraten hawwe it âlde kafee opkocht. Dat wie net mear libbensfetber om út te baten. Se hawwe der in stifting fan makke en wurkje mei frijwilligers. It sealtsje is klear en no komt der mei help fan Mienskipsfûns, Doarpen en wike fûns en Leaderjild in oanpassing fan it gebou, dat ek bûtenom yn âlde gloarje wersteld wurde sil. It smoardrokke kafetaria sil hielendal ferboud wurde mei in nije yngong en elektryske bakovens. Dêr is oer nei tocht, want de gasten yn de molkfabryk út Moarre moatte faaks ek wat ite. In prachtich mienskipsprojekt wêr't no allegear aktiviteiten holden wurde foar it doarp en omjouwing.
Harren oprop oan de polityk is dat se noch graach wat help hawwe wolle bij het slatten fan de feart, sa dat men mei in skou as in sloepke wer yn Ljussens komme kin fanôf de Ie.
Twa skitterjende projekten út doarp en mienskip.