Troch Eduard van den Hoff
"As provinsje jouwe wy in soad omtinken oan de gefolgen fan krimp; net om'e nocht hjit ús bestjoersakkoart 'Lok op 1'. Dy titel seit fansels alles: wy moatte soargje foar in goede leefomjouwing. Dus hâlde wy by al ús besluten rekken mei demografyske feroarings. Tink oan wentebou, mar ek oan ynfrastruktuer. De Sintrale As bygelyks soarget dat it ferkear tusken Dokkum en Nijegea net mear dwers troch de doarpen giet. Dat fergruttet de leefberens gâns. Fansels gong de oanlis net sa mar: ynearsten waard tocht dat de wei bedoeld wie om minsken sa gau mooglik út dit gebiet te krijen. Mar no sjogge wy dat grutte bedriuwen krekt yn Dokkum bliuwe fanwegen de goede ferbining. Dit gebiet hat echt potinsjeel."
Wy diktearje neat
"Formeel hawwe wy yn Fryslân ien krimpregio: Noardeast Fryslân. Mar krimp komst yn alle lytse kearnen tsjin, oeral yn de provinsje. It lit him lestich bestride troch de oerheid. Yn Fryslân leauwe wy mear yn de krêft fan de Mienskip. Dy begjint mei grutte en lytse projekten dy't de leefberens op'e doarpen te'n goede komme. Gemeenten en provinsje stelle har koöperatyf op en diktearje neat. Op dat soarte fan projekten binne wy wakker grutsk. Nim no Holwert oan See; dat hat gâns útstrieling, oant op ryksnivo ta. Dat is begûn as in inisjatyf fan in hiel lyts espeltsje minsken. It doarp stie der poer min foar: troch krimp wiene der in soad fertutearze huzen. Dat is no allegear ombûgd. Wy geane by it sluten fan deals, lykas Regio Deals, út fan eigen krêft en net allinnich fan behâld fan foarsjennings dy't yn de knipe sitte."
Krimp yn ferkiezingsprogramma's
"Der is in soad oerlis en útwikseling fan kennis tusken de noardlike provinsjes. En wy hawwe de learstoel ‘Bevolkingsdaling en Leefbaarheid' fan bysûnder heechlearaar Bettina Bock' oan de RUG, dy't troch ús, 3 provinsjes, finansjeel stipe wurdt. Der is in lannelik oerlis fan de seis krimp- en anticipeerregio's, de K6. Meiinoar foarmje wy in lobby nei De Haach, sadat de problematyk omtinken krijt en ek meinommen wurdt yn de kommende ferkiezingsprogramma's."
Oar soarte fan enerzjy
"Nettsjinsteande de coronacrisis wurket de provinsje gewoan troch. It is wol yn in oare fersnelling mar net perfoarst in legere. It ferget wol in oar soarte fan enerzjy, dit gearkommen út eigen hûs wei. Wy hawwe DS yn twa tiims ferdield. Sa is altyd ien helte beskikber, mocht der binnen in tiim besmetting wêze. Yn prinsipe giet alles troch. Aanst meie wy troch in spoedwet ek digitaal stimme as Provinsjale Steaten. Wurkbesiten ferfalle wol, mar it kontakt is no gewoan telefoanysk of online."
Kultueromslach
"Myn provider biedt noch gjin glêstried, mar fia de reguliere kabel rint it wurk ek al wakker goed. No't wy allegear needsake binne om thús te sitten, sjochst in kultueromslach yn it wurkjen ûntstean. En at breedbân ynternet aanst oeral oanlein is, kinst prima wenje en wurkje yn ús provinsje, ja ek yn dizze regio, tichte by it wrâlderfgoed De Waadsee. Yn de Rânestêd is de druk op de wenningmerk tige grut en in ferhuzing fan minsken nei oare parten fan Nederlân kin hiel bêst: nei Grinslân, Drinte of Fryslân bygelyks."
Dit fraachpetear is earder publisearre op de website fan it Kennisnetwerk Noord-Nederland fan RUG / Hanzehogeschool