Doarpen ha huzebou nedich om leefber te bliuwen. En minsken wolle dêr wenje, mei omdat de stêd hielendal net fier ôf is. Fryslân hat in prima ynfrastruktuer, je hoege net mear lykas yn de midsiuwen mei hynder en wein in oere ûnderweis te wêzen nei Ljouwert. In bewenner fan Techum is hast like lang ûnderweis nei it sintrum fan Ljouwert as in ynwenner fan Stiens, Marsum of Mantgum. De útgongspunten fan deputearre Kielstra foar de wenningbou binne ferâldere. Dy stamme noch út in evaluaasje oer de perioade fan 2011 oant 2015 (evaluatie Investeringsbudget Stedelijke Vernieuwing, Quick Scan Friese Woningmarkt 2014). Yn dy perioade waard noch steld dat minsken fêst sitte troch in hûs dat ûnder wetter stiet en dat de âlderein gjin ferhúswinsk hat.
De realiteit is ûnderwilens folslein oars. De merk lûkt oan en de prizen gean omheech. De ûntwikkelingen yn it sosjaal domein fan 2015 ôf hawwe ek net stilstien. Minsken moatte langer thús wenje, útgean fan eigen krêft en meidwaan. Boppedat wurde fersoargingshuzen sletten. Lûden dy’t de FNP berikke binne ûnder oare dat de kosten foar húshâldlike help oprinne. Dy húshâldlike help makket somtiden boppeferdjippingen skjin dêr’t de minsken net mear komme. De meast resinte ûntwikkeling yn in doarp as Berltsum lit sjen dat dizze minsken wol trochstreame wolle. Sa komme der wer wenningen frij foar fitale gesinnen en jongerein.
No brûkte deputearre Kielstra ôfrûne snein yn Buro de Vries it argumint fan demografyske feroaringen. Dat soe feitlik noch de iennichste mjitstêf foar it belied wêze. At hy dizze sifers serieus nimt dan moat de nijbou yn Ljouwert fuort en daliks ophâlde. Der wurde yn rap tempo nije doarpen út de grûn stampt mei meast gesinswenningen. Gesinnen wurde op dizze wize twongen te ferhúzjen nei de stêd. Boppedat nimt mei al dy nije ynwenners de druk op foarsjenningen yn de stêd ek wer ta. Tink oan it tekoart oan húsdokters en skoallen dy’t út har foegen barste wylst oaren slute moatte.
In oar probleem is dat bouplannen faak lang ûnderwijs binne foardat se útfierd wurde. De maatskiplike werklikheid is dan somtiden al folslein feroare. Sjoch nei it grutte nijbouplan De Warren by Burgum. Mear as 11 jier ferlyn yn 2007 binnedizze plannen úteinset. As de ynformaasje dêr’t Kielstra syn belied op basearret út 2011-2015 al net mear aktueel is, dan meie je bij sokke langrinnende projekten hielendal wol fraachtekens sette. De mienskip wol dizze 300 wenningen oars ferdiele. Net bouwe by in kwetsber natuergebiet, mar ynwreiding yn Burgum en ferdiele oer de oare doarpen.
De FNP fynt dat it tiid wurdt om mei inoar in kar te meitsjen. Dwers sjen nei de krimp. Bouwe nei aard en skaal yn de doarpen en foar doelgroepen lykas ús âlderein. En help de trochstream op gong foar ús jongerein. Ynpasber en betelber. Fersterkje de krêft fan de doarpen en helje de druk fan de stêden ôf. De wachtlisten foar in sosjale hierwenning binne gemiddeld 5 oant 7 jier yn de stêd. It soe dan ek goed wêze as it kolleezje yn Ljouwert de fokus ferleit. Yn stee fan komplete nije doarpen te bouwen jo mear rjochtsje op betelbere ferbettering fan de besteande sosjale wenningfoarried. En op de lytse kearnen.
It wurdt tiid foar in bestjoerder mei fyzje en mei lef dy’t him net ferskûlet efter demografyske sifers. In dwerstinker dy’t gjin maklike krimplabels plakt, mar dy’t doart te bestjoeren. Dy’t him bekroadet om de doarpen en de kânsen dêr pakt. Bouwe yn ús provinsje is maatwurk dat om in aktive hâlding freget.
Jan Willem Tuininga, fraksjefoarsitter FNP Ljouwert
Sijbe Knol, riedslid FNP Waadhoeke (kandidaat Steatelid)