19 July 2023

It nije kolleezje fan BBB, CDA, FNP en ChristenUnie is hjoed beëdige yn de Fryske Steateseal. De kommende fjouwer jier sil it nije kolleezje, mei dêryn FNP foaroanman Sijbe Knol, de provinsje bestjoere. De nije FNP-fraksjelieder Gerben van der Mei joech in skôging oer it nije akkoart en Tjitte Hemstra folget Sijbe Knol op as Steatelid.

Romte, wenjen, enerzjy, leefberens en kultuer

Sijbe Knol wurdt polityk ferantwurdlik foar de ûnderwerpen romte, wenjen, enerzjy, leefberens en kultuer. Dat binne portefúljes dy’t goed by de FNP passe. Sijbe Knol wurdt dejinge dy’t der foar soargje mei dat ús romte en ús lânskip ek ús goud bliuwe. Yn gearwurking mei de gemeenten sil hy deroan wurkje dat yn alle kearnen nei aard, skaal en karakter foar ús ynwenners boud wurde kin. ‘Wenje wêr’t wy wenje wolle.’ Dêrneist is it syn opjefte om yn oparbeidzjen mei de mienskip en de kulturele sektor de leefberens oerein te hâlden en te ferbetterjen.

Oparbeidzje foar Fryslân

Foar it ynstallearjen fan it kolleezje wie der yn de Steaten in debat oer it bestjoersakkoart. Dat akkoart hat lang op him wachtsje litten. Neidat de PvdA him werom luts yn juny en de FNP oanskode, gie it hurd. It motto fan it akkoart fan BBB, CDA, FNP en ChristenUnie is ‘Oparbeidzje foar Fryslân.’

Yn syn skôging lei FNP-fraksjelieder Gerben van der Mei yn syn nije rol út dat de fraksje him der al by dellein hie dat it de kommende perioade de opposysje oanfiere soe. Doe’t der in berop dien waard op de partij, kaam it dochs oars. De FNP is it dêr by slagge syn punten te fersulverjen en hat in flinke ynbring hân yn it nije akkoart.

Sa hoedzje wy ús lânskip foar grutskalige wentebou, it Deltaplan voor het Noorden giet it jiskefet yn en wy hâlde in finger oan de pols by wat it Ryk docht mei de ûntwikkeling fan de Lelyline. Dêrby wurde de partijen yn Provinsjale Steaten yn posysje brocht. De nije koälysje jout de gemeenten de romte om yn alle kearnen nei aard, skaal en karakter by te bouwen.

By de wynenerzjy hat de FNP in lytse konsesje dien: lytse wynmûntsjes fan 15 meter meie aanst ek by toeristyske ûndernimmers. Op de bedriuweterreinen fan de fjouwer grutte plakken meie wynmûnen komme fan maksimaal 100 meter hichte.

Op it mêd fan de leefberens is de FNP wiis mei de plannen; Doarpswurk bliuwt oerein, minsken krije help om by it organisearjen fan eveneminten oan de drege regels te foldwaan en it Iepen Mienskipsfûns wurdt by de tiid brocht. By kultuer komt der dizze perioade in bedrach fan 17,5 miljoen euro boppe-op de strukturele subsydzjes. Wat it Frysk oanbelanget hâldt de nije koälysje fêst oan it besteande belied en dêrneist sille it Frysk en de streektalen brûkt wurde en sichtber makke wurde by de ynstellingen en organisaasjes dêr’t de provinsje in subsydzje-relaasje mei hat.

Oan de ein fan syn bydrage rôp Van der Mei de Steaten, en benammen de PvdA-fraksje, op om folslein mei te dwaan yn it debat. Foar in goede beslútfoarming is it in eask dat alle stimmen de kommende jierren heard wurde.

Tjitte Hemstra nij Steatelid

Mei it fuortgean fan Sijbe Knol nei de kolleezjebankjes, skoot Tjitte Hemstra troch nei de Steaten. Tjitte is 26 jier en hast klear mei syn stúdzje biomedysk laboratoarium-ûndersiker. Hy sil dêrnei in premaster begjinne en hat as útfiner syn eigen ûndernimming. As kommisjelid wie hy al in skoftsje aktyf yn de fraksje en yn de Steaten.

Deputearre Klaas Fokkinga mei pensjoen

Mei it oantreden fan it nije kolleezje is it tagelyk ek de lêste wurkdei fan Klaas Fokkinga, dy’t as FNP-deputearre trije-en-in-heal jier lyn it stokje fan Johannes Kramer oernaam en op in betûfte wize útfiering jûn hat op wichtige beliedsterreinen lykas lânbou, leefberens, wenjen en erfgoed. Yn in persoanlik ôfskiedswurd joech Klaas Fokkinga ynsjoch yn syn ûnderfiningen as deputearre en rôp op om oer de grinzen te sjen en om each te hawwen foar ús kultureel erfgoed. Dat biedt kânsen en ferbynt minsken. 



Tags: Ferkiezings Partijnijs Polityk Bestjoer