13 July 2023

Achte FNP-leden,

Op 6 july skreaunen wy jimme oer it bestjoersakkoart dêr’t de FNP har ferantwurdlikens foar nimme sil. Doe koene wy noch neat oer de ynhâld sizze. Hjoed is it dan safier en wurdt it akkoart presintearre oan de bûtenwrâld.

Wy binne tige grutsk op it akkoart sa’t dat der no leit. Mei dit skriuwen wolle by jimme graach meinimme nei de saken dy’t wy as FNP binnen helle hawwe. Saken dy’t ús goed passen en dêr’t wy bliid fan wurde. In folslein oersjoch fine jimme op de link ûnderoan it berjocht. 

Oparbeidzje foar Fryslân, wy strûpe de mouwen op en geane oan it wurk!

De FNP Steatefraksje

Gerben van der Mei, Dinie Visser, Sijbe Knol, Sita Land-Dotinga,

Thom Feddema, Tjitte Hemstra, Aukje Holtrop en Frank de Boer.

Downloads:
Brief oan de leden oer it bestjoersakkoart 2023 – 2027
Bestjoersakkoart 2023-2027



Tags: Ferkiezings Partijnijs Polityk Bestjoer