6 July 2023

Achte FNP-leden. Twa wike ferlyn hawwe wy jimme ek skreaun. Doe wiene wy noch mar krekt bekaam fan de útnûging fan ynformateur Stoffer om petearen oan te gean mei BBB, CDA en ChristenUnie om te kommen ta in bestjoersakkoart foar Fryslân. No skriuwe wy jimme wer omdat dizze petearen yntinsyf, konstruktyf én fruchtber west hawwe. Mei as resultaat in bestjoersakkoart dêr’t de FNP har ferantwurdlikens foar nimme sil.

De ôfrûne twa wike binne drok en foaral hiel yntinsyf west foar de fraksje en de ûnderhannelers. It wiene lange dagen om je in proses eigen te meitsjen en der foar te soargjen dat der genôch foar de FNP yn sit. De opdracht wie dúdlik en de reaksjes fan ús leden hawwe wy ek allegear soarchfâldich mei weagje litten. Dêrneist hawwe wy mei tal fan minsken yn de partij oerlis hân en om input frege: wethâlders, riedsleden, it bestjoer en guon leden. Dat er no op in ridlik koarte termyn in akkoart leit is ek mei de fertsjinste fan de linichheid en konstruktive hâlding fan BBB, CDA en de ChristenUnie. Ek dat mei sein wurde.

Hoe no fierder? Jimme sille begripe dat wy oer de ynhâld noch net it measte sizze kinne. Oare wike sille Provinsjale Steaten as heechste bestjoerlike orgaan yn ús provinsje it akkoart tastjoerd krije. Sa’t it no liket sil koart dêrnei it akkoart ek oan de bûtenwrâld presintearre wurde. Dat is dan it momint dat de fraksje yn gearwurking mei it haadbestjoer in wiidweidige nijsbrief nei jimme tastjoere sil. Hjir sille de saken yn stean dy’t wy as FNP binnen helle hawwe, dy’t ús goed passe en dêr’t wy bliid fan wurde.

Sa’t altyd it gefal is by in akkoart hawwe wy op guon saken ek wat wetter by de wyn dwaan moatten. De oare partijen hawwe yn de rjochting fan de FNP. beweegd. Hjirmei is it in akkoart fan ús alle fjouwer as formearjende partijen wurden. Dat wie ek nedich. De FNP hat in skiednis dy’t ús yntusken al 61 jier bynt, is fertsjinwurdige yn 10 kolleezjes en wy hawwe in moaie ploech riedsleden: wy dogge der ta! As it moat nimme wy ús ferantwurdlikens, mar wy ferjitte ús eigen útgongspunten net.

Jimme heare fan ús.

De FNP Steatefraksje

Gerben van der Mei, Dinie Visser, Sijbe Knol, Sita Land-Dotinga,

Thom Feddema, Tjitte Hemstra, Aukje Holtrop en Frank de Boer.

Downloads:
Brief oan de leden oer it akkoart



Tags: Ferkiezings Partijnijs Polityk Bestjoer