23 June 2023

De lêste dagen hawwe jimme it grif meikrigen. Ofrûne tiisdei binne de ûnderhannelingen foar in nije provinsjale koälysje tusken BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie knapt. De PvdA is oan it ein fan it proses opstapt. Dizze gong fan saken hat makke dat de skynwerpers sûnt tiisdeitemoarn ek wer op ús FNP stean.

Oant no ta hawwe wy ús nei bûten ta safolle mooglik stilholden. It is no lykwols de heechste tiid om jimme mei te nimmen en mei jimme te dielen wat der de ôfrûne dagen bard is, hoe’t wy ús mooglikheden ôfwagen hawwe en wat de dynamyk west hat dy’t it ien en oar mei him meibringt.

Tiisdei hat de fraksje by elkoar west en is der op de achtergrûn oerlis west mei tal fan minsken yn de partij: mei leden, bestjoerders en politisy. Nei de earste ynformaasjeronde fan maart ll. kaam de FNP bûten de ûnderhannelings te stean. It ferhaal is jimme bekend. De knop is by ús doe ridlik gau omgien. Mei in nije fraksje en positive enerzjy paste ek de oankommende nije rol as lieder fan de opposysje as in jas. Dat makke ek dat it knappen fan de koälysje ûnderhannelings en de fraach om no dochs wer mei te dwaan, net maklik foar ús wie.

Want wêr stappe wy dan yn? Wat is de romte dy’t wy krije? Wat is der foar de FNP te heljen? En wolle wy de twadde kar wêze? Wy hawwe ek ús prinsipes. Alles ôfweagjende, hat de fraksje nei goed oerlis unanym it beslút naam om it petear net út de wei te gean. Fryslân moat bestjoerd wurde. Der binne net in soad opsjes oer en troch mei oan it roer te sitten kinst do mear tempo meitsje as datsto fan de wâlskant ropst hoe’t it moat. Mar wy lizze net op de knibbels foar de doar om mar meidwaan te meien. It is graach of net, it moat mooglikheden jaan om ús programma te ferwêzenlikjen, en wy litte ús net opjeie.

Op woansdei 21 juny binne de ûnderhannelers fan de fraksje op besite west by BBB, CDA en ChristenUnie. Sa’t juster yn de Ljouwerter Krante stie, hawwe wy it konsept akkoart ynsjen kinnen. Fansels steane der punten yn dy’t ús goed passe, mar der binne ek saken wêr’t wy noch fierder oer prate moatte.

Juster, op tongersdei 22 juny, binne ús minsken op petear west by ynformateur Chris Stoffer, dy’t yn maart de petearen ek laat hat. Wy hawwe dúdlik makke dat it foar de FNP graach of net is. Wy moatte romte hawwe op de ynhâld en ek de tiid krije om de saken goed te dwaan. It kin net sa wêze dat wy der allinne by helle wurde om in numerike mearderheid te berikken. Wy moatte ek echt dielgenoat wurde fan in mooglik akkoart.

De ynformateur hat ús witte litten dat de kar yndie op de FNP fallen is. Dat betsjut dat de FNP no wer oan tafel sit. De FNP-Steatefraksje wol mei klam meidiele dat soks ek in priis hawwe sil. It is noch gjin útmakke saak, mar om Fryslân bestjoerber te hâlden sette wy no dizze stap. Wêr’t wy útkomme sille, dat witte wy noch net. Wy freegje jimme om betrouwen yn ús. Dêrby sille wy de reaksjes en sinjalen dy’t wy fan jimme krije ek in plak jaan.

Gerben van der Mei, Dinie Visser, Sita Land-Dotinga en Sijbe Knol

Downloads:

Brief oan de leden oer de formaasje



Tags: Ferkiezings Partijnijs Polityk Bestjoer