23 July 2023

Durk Stoker is tongersdei 20 july yn de âldens fan 65 jier ferstoarn. Durk hat yn ferskate funksjes warber west foar de FNP.

Yn Nijefurd wie hy hiel aktyf yn de skaadfraksje. Yn de oanrin en oan it begjin fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân op 1-1-2011, hat hy as foarsitter fan it bestjoer in soad wurk fersetten om de bestjoeren en leden fan de 5 eardere gemeenten mei elkoar te ferbinen. Durk en syn frou wienen hiel gastfrij, benammen yn de oanrin nei de ferskate ferkiezings wienen wy altyd wolkom yn it eardere tsjerkje  yn Koudum om mei elkoar te wurkjen oan de kampanje.

Fan 2014 oant 2017 wie Durk wethâlder yn de gemeente Súdwest-Fryslân foar de FNP. Leefberens, ferkear en sportfoarsjenningen hie hy û.o. yn portefeuille. Benammen de leefberens yn de hiele gemeente hie prioriteit by him. Durk wie in man mei in fyzje, wêr oaren in probleem seagen, seach hy kânsen om ta in oplossing te kommen.

Nei 2017 is hy noch efkes fraksjefoarsitter fan de FNP Súdwest-Fryslân yn de gemeenteried west. Alhoewol hy o sa teloarsteld wie dat de FNP net yn it nije kolleezje kaam wie, hat hy him ek as fraksjefoarsitter wer fûleindich ynsetten.

Oan’t hy yn 2018 wethâlder yn de gemeente De Fryske Marren waard. Dat hat spitigernôch mar 4 moanne duorre. Troch it skeel oer de sânwinningskwesje moasten hy en wethâlder Durk Durksz ôfskied nimme.

De lêste jierren wie Durk Stoker foarsitter fan it Algemien Bestjoer fan de OPNL.

Wy winskje syn frou Corrie, bern en bernsbern in protte krêft en sterkte ta.

Corrie Bergstra-Veldhuis,

Riedslid FNP-SWF



Tags: Partijnijs