22 August 2023

Nei oanlieding fan yn ynsidint oer it brûken fan it Frysk by in saak yn de rjochtbank fan Swol stelt de FNP-Steatefraksje fragen oan it kolleezje. Yn dy saak waard in tsjûge syn rjocht skeint om in Fryske ferklearring ôf te lizzen. Steatelid Sita Land-Dotinga fynt dat it net sa wêze mei dat it rjocht fan Friezen om har eigen taal te brûken ferdwynt inkeld omdat in saak troch in oare rjochter behannele wurdt.

Fjouwer jier lyn hat de FNP ek fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten steld oer it rjocht om it Frysk te brûken yn saken dy’t om redenen fan spesjalisaasje bûten de rjochtsealen fan de rjochtbank Noard-Nederlân en it Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert behannele wurde. It kolleezje antwurde doe dat it mei de bestjoeren fan de rjochtbank en it Gerjochtshôf yn petear soe oer dizze situaasje.

De FNP wol no fan it kolleezje witte wat de petearen opsmiten hawwe en of it miskien net better is om tegearre mei de nasjonale oerheid te wurkjen oan nije wetjouwing dy’t dit gat yn de wet tichtsje kin. Yn oare wurde, dy’t ynwenners fan Fryslân dy’t bûten Fryslân yn de rjochtseal stean, it rjocht jouwe om de eigen taal te brûken.

Fierder soe it goed wêze as rjochters yn it hiele lân har bewust wurde fan de posysje fan it Frysk en de mooglikheid om de Fryske taal foar in rjochter te sprekken. Dat in senior rjochter yn Swol mei in hiel soad ûnderfining net op de hichte is fan it rjocht om de eed of ferklearring yn it Frysk út te sprekken seit hiel wat.

Downloads:
Skriftlike fragen FNP oer frysk by de rjochter



Tags: Frysk en Meartaligens Polityk Bestjoer Thus yn Fryslan