1 November 2023

Leave santjin! is in útdrukking dy’t yn it Frysk brûkt wurdt as wy ús earne oer fernuverje. Dat wie dan ek ús earste reaksje nei it lêzen fan it artikel “Fries spreken taboe in ‘Boer zoekt Vrouw” yn de Ljouwerter Krante fan 31 oktober ll.

Want leave santjin! – it kin dochs net wêze dat ús earste Rykstaal samar oan de kant skood wurdt? Al hielendal net omdat it yn dat programma no krekt giet om it gefoel en no krekt de memmetaal it hert sprekke lit?

Mei ûndersteande brief hawwe wy hjoed de KRO-NCRV in kursus Frysk foar de crew fan ‘Boer zoekt Vrouw’ oanbean.



Tags: