16 October 2023

Hjoed hat de European Free Alliance syn kongres yn Straatsburch ôfsletten. It wie de ôftraap fan de kampanje foar de Europeeske ferkiezings yn juny. By it kongres waard it manifest fêststeld en waarden de kandidaten foarsteld dy’t de EFA yn de kommende moannen fertsjintwurdigje sille yn de Europeeske debatten.

De FNP wie der by mei Steatelid Dinie Visser en EFA-bestjoerslid Frank de Boer.Hoewol’t de FNP gjin plannen hat om mei te dwaan oan de ferkiezings fan oar jier, is it wol wichtich om ús lûd in Europa hearre te litten. Dat kin û.o. fia de leden fan de EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint, mar ek yn de tiid fan de ferkiezings fia de EFA. En fansels kin de FNP de koers fan de partij mei bepale.

Spitzenkandidaten

De EFA hat twa kandidaten keazen dy’t foar de partij de kommende ferkiezingen it boadskip fan de EFA yn de debatten ynbringe sille. Dy ‘Spitzenkandidaten’ binne de jonge politika Maylis Rossberg fan de Deenske minderheid yn Noard-Dútslân en Raül Romeva, dy’t earder lid fan it Europeesk Parlemint wie en diel útmakke fan it Katalaanske regear.

By de ferkiezings is it de gewoante dat Europeeske partijen Spitzenkandidaten oanwize mei de bedoeling dat de kandidaat fan de grutste partij dêrnei de nije presidint fan de Europeeske Kommisje wurdt. Dat de EFA yn 2024 de grutste wurde sil, liket net wierskynlik, mar op dizze wize kin de partij wol meidwaan oan de grutte Europeeske debatten.

European Free Alliance

De European Free Alliance is de Europeeske politike partij wêryn’t de FNP gearwurket mei oare regionale partijen yn Europa, lykas de SSW yn Dútslân, de N-VA yn Flaanderen, de ERC yn Kataloanië en ek Plaid Cymru in Wales en de SNP yn Skotlân. Wat dizze partijen bynt is dat hja yn de earste plak opkomme foar harren regio en sels beslute kinne wolle oer de takomst dan dy regio’s. Foar de FNP is it tige weardefol om sa’n ynternasjonaal netwurk te hawwen en te sjen hoe’t oare fergelykbere partijen saken oanpakke.



Tags: