NIJS   09-11-2016


Stipe foar boeren dy't biologysk wolle

Fergoeding foar SKAL-sertifikaat

Der is in soad belangstelling fan boeren nei omskeakeling op biologyske bedriuwsfiering. De provinsje moat helpe om de hege kosten te drukken, fynt de FNP. De partij komt by de provinsjale begrutting 2017 mei in moasje om de saneamde SKAL-sertifisearring foar 50 boeren te fergoedzjen.

  

Wurdfierder Wopke Veenstra tinkt dat de omskeakeling nei ‘biologysk' flugger giet mei in provinsjale stipe: ‘Der binne op dit stuit neffens SKAL 77 biologyske melkfeehâlders yn Fryslân. As wy no in ton frij meitsje foar it SKAL-sertifikaat fan 50 ekstra boeren, dan is dat foar ús provinsje in grutte stap yn de goede rjochting'. It getal fan 50 is trouwens basearre op de sifers fan de SKAL sels (tal nije bedriuwen/jier) as op de oanfragen dy't bedriuwsadviseurs krije. 

 

It giet oars ek om bouboeren, plomfeehâlders en oare bedriuwen dy't biologysk wurde kinne. De omskeakeling kostet twa jier. Yn dy perioade moatte de ûndernimmers ekstra kosten meitsje, ûnder oare foar djoerder bistefoer, om te foldwaan oan de easken fan SKAL. De FNP is fan betinken dat in stipe foar dit doel helpt by it provinsjale lânboubelied. Dêr stiet yn dat de provinsje in fersterking en útwreiding fan de biologyske lânbou yn Fryslân wol. Boppedat is der op dit stuit folle mear fraach nei biologyske produkten as oanbod, wêrtroch dy produkten út it bûtenlân ymportearre wurde moatte. 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer