NIJS   16-07-2012


Lytse skoallen opnimme yn krimpaginda

FNP komt mei moasje yn Steaten

Annigje Toering 2012 05   

De FNP freget Deputearre Steaten woansdei mei in moasje om yn oerlis te gean mei de skoalbestjoeren oer it sluten fan lytse skoallen. De Steatefraksje wol de kwaliteit, berikberens en beskikberens fan it ûnderwiis hjirmei befoarderje. Troch de skoallen mei te nimmen yn it krimpbelied en de streekaginda's moat in gebrek oan oerlis  oanpakt wurde, dat driget te ûntstean omdat de skoalbestjoeren autonoom binne yn harren beslútfoarming.

  

Annigje Toering, FNP wurdfierder Underwiis

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

FNP wurdfierder Annigje Toering stelt fêst dat it projekt Boppeslach troch provinsjale stipe in soad dien hat foar de kwaliteit fan de skoallen yn Fryslân. Se wol dat de berikte kwaliteit fan it ûnderwiis foarop stean bliuwt nettsjinsteande de befolkingskrimp. ‘Lytse skoallen steane ûnder druk net fanwege de kwaliteit mar se wurde kwetsber om bestjoerlike, organisatoaryske en finansjele redenen.'

 

De skoalbestjoeren binne autonoom yn harren beslútfoarming by it sluten en gearfoegjen fan lytse skoallen. Elk nimt no nei bêste witten besluten foar it eigen gebiet, mar dizze wurde net yntegraal ôfstimd mei oare bestjoeren en oerheden yn it belang fan de hiele regio, stelt de FNP yn de moasje. ‘It sluten fan skoallen is in grutte yngreep yn it sosjaal-kulturele en ûnderwiislânskip fan ús provinsje, dy't sadwaande sûnder oerkoepeljende fisy of regy plakfynt. Elk wol it bêste, mar ûnderwilens glidet it ús tusken de fingers troch', sa seit Toering.

  



Downloads:
FNP moasje lytse skoallen


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer